Paad troch de Rottige Meente sletten foar fytsers: omwenners fiere aksje

07 jul 2020 - 22:02

It kuierpaad troch de Rottige Meente by Skerpenseel en Munnikebuorren wie iuwen lang de trochgeande rûte foar it gebiet. Mar no hat Staatsbosbeheer it paad sletten foar fytsers: it is te gefaarlik. It skilpaad is útsliten en de kanten binne te heech wurden. Omwenners, dy't ôfhinklik binne fan it paad om by harren hûs te kommen, binne lilk. Neffens harren hat Staatsbosbeheer al jierren neat oan ûnderhâld dien. Mei in ludike aksje stiene de omwenners der tiisdei by stil.

Paad troch de Rottige Meente sletten foar fytsers

"We hebben een aantal buurtbewoners en pers uitgenodigd om te laten zien dat op een hele simpele manier het voetpad weer redelijk toegankelijk kan worden. Dat verzaakt Staatsbosbeheer helaas", seit Reinier de Jong, foarsitter fan pleatslik belang Skerpenseel, Munnikebuorren en Spangea. Staatsbosbeheer seit dat der gjin jild is om it paad oan te passen.

Neffens De Jong is it lykwols net hiel dreech om wat oan it paad te dwaan. "Wij hebben gisteren al een stukje proefgedraaid. We hebben met een klein trekkertje en een freesmachine de bovenlaag losgemaakt. Daarna hebben we het aangeharkt en er een nieuwe schelpenlaag overheen gedaan. Dan heb je een pad van anderhalve meter breed, in plaats van vijftien tot twintig centimeter", seit De Jong.

Gefaarlik

Foar guon minsken is it op dit stuit dreech om by harren hûs te kommen. "Sommige mensen gooien extra verharding neer om toch op een fatsoenlijke manier thuis te komen", seit De Jong. "Maar dat wordt dan gedaan door gebroken asfalt en andere materialen, maar daar wordt het natuurgebied natuurlijk niet mooier van."

De Rottige Meente - Foto: Shutterstock.com (TVGD)

Ek foar toeristen is it paad net geskikt, neffens De Jong. "Het vervelende is ook gewoon: het zijn officiële fietsroutes. Mensen komen aanfietsen en ze hebben geen benul wat er aan de hand is. Er zijn mensen al uit de sloot gevist en er zijn mensen gevallen", seit De Jong.

Stipe

It pleatslik belang krijt in soad stipe foar harren aksje. "We hebben in ieder geval al heel veel reacties gehad. Staatsbosbeheer is er niet blij mee, maar ze zijn wel aanwezig vandaag", sa seit De Jong.

Reinier de Jong fan it pleatslik belang

Troch jildgebrek kin Staatsbosbeheer it kuierpaad troch de Rottige Meente net ûnderhâlde. Dat sei Dennis Benedictus fan Staatsbosbeheer tsjin de omwenners dy't de ludike aksje holden. De oplossing leit neffens Benedictus just yn dit soarte fan boargeraksjes.

"Je ziet eigenlijk dat de burger zegt: dit willen we niet, wij verwachten meer van de overheid dan jullie op dit moment kunnen bieden", seit Benedictus. "Aan de andere kant hebben we ook al het geld gedecentraliseerd naar de provincie en die beslist in principe wat wij met deze middelen kunnen doen, en wat zij wel en niet aan ons geven."

Der sil neffens Staatsbosbeheer tenei ek better kommunisearre wurde mei de omwenners.

Dennis Benedictus fan Staatsbosbeheer

(Advertinsje)
(Advertinsje)