AED's yn Fryslân yn kaart brocht: 'Yn Ljouwert, Frjentsjer en Snits noch net genôch'

De Hartstichting hat yn gearwurking mei Stichting HartslagNu alle AED's yn Nederlân yn kaart brocht. Sa ek yn Fryslân en guon plakken steane der kwa 'AED-dekking' frij goed foar, mar der binne ek noch genôch plakken dêr't je in hiel skoft op in defibrilator wachtsje moatte, hielendal as der gjin plysje of ambulânse yn 'e buert is.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
"Er zijn bepaalde plaatsen in Fryslân waar nog een aantal stappen gezet moeten worden. Zowel op het platteland als in de steden. Franeker, Leeuwarden en Sneek bijvoorbeeld, daar zullen nog wel wat AED's bijgeplaatst moeten worden", seit Aart Bosmans fan Stichting HartslagNu, It doel is dat der om de 500 meter in AED beskikber is yn Fryslân.

Wa betellet?

Op dit stuit binne der 779 AED's yn Fryslân dei en nacht beskikber. Dat soenen der neffens de stichting eins 140 mear wêze moatte. Mar wa moat dat betelje? "Dat is altijd een discussie. Ik had verwacht dat een aantal partijen misschien wel veel eerder zouden inspringen, zoals een zorgverzekeraar. Maar we zien toch met dit project dat we het moeten doen met de lokale initiatieven", seit Bosmans.
De gemeente kin hjirby helpe. "Het initiatief moet vanuit de mensen zelf komen. Maar naar mate men ook vanuit de gemeente het ondersteunt, financieel of projectmatig, zie je wel gelijk dat het beter is geregeld", seit Bosmans.

Undersyk

Ut ûndersyk docht neffens de stichting bliken dat de boargerhelpferlieners mei in AED in grut effekt ha op de oerlibbingskâns. Sûnder boargerhelpferliening leit dat persintaazje op njoggen persint, wylst it yntusken likernôch 25 persint is. "Dan is het logisch dat je zegt dat het meer een taak van de overheid zou moeten worden", seit Bosmans.
Aart Bosmans fan Stichting HartslagNu oer de AED's yn Fryslân