Auto it wetter yn riden by West-Skylge

06 jul 2020 - 21:33

By it buorskip Dellewal by West-Skylge is moandeitejûn in auto de Waadsee ynriden. De brânwacht is op it plak kaam om eventuele ynsittenden út de auto wei te heljen. Ek binne der út foarsoarch twa ambulânses op it plak kaam, mar it die bliken dat de help fan de medyske helptsjinsten net nedich wie.

Foto: Laura Conijn / ProNews

De brânwacht hat de auto wer út it wetter wei helle.

Trefwurden: 
auto West-Skylge Dellewal
(Advertinsje)
(Advertinsje)