Opnij protest boeren: yn Drachten en Snits by distribúsjesintra

06 jul 2020 - 20:59

Der binne moandeitejûn in soad boeren op 'en paad, benammen fan De Tynje út binne in soad trekkers útriden om opnij aksje te fieren. De boeren ride fan De Tynje út nei Drachten om it distribúsjesintrum fan de Aldi te blokkearjen. Under de groep is in grut tal jongelju. Yn Snits is ek in protest, dêr wurdt it distribúsjesintrum fan de Poiesz blokearre.

Opnij protest boeren sneek

Fan De Tynje út binne der sa'n 50-75 trekkers nei Drachten ta riden, en noch mear auto's. Der wurdt sein dat der net by de sneldiken protestearre wurde sil, sa't earder dien is.

Ferslachjouwer René Koster by it protest yn De Tynje

Sympaty

Ien fan de boeren jout yn De Tynje in reaksje op de diskusje dy't der moandei wie oer it wol of net tolerearjen fan aksjes by de sneldyk. "As wy us gewoan oan de regels hâlde, liket it my net dat se bekeure kinne. Wy geane de sneldyk net op. Gewoan in netsjes ferhaal, gjin geouwehoer. Moandei hawwe wy by de sneldiken protestearre, no net. Oars krije wy de sympaty fan de boarger ek net mear. Wy krije no in soad positive reaksjes fan minsken oan de dyk. De tommen geane omheech," seit de boer.

Opnij protest boeren Drachten

Der is ek wol begryp. "Wy hawwe wol in blokkade dien op de sneldyk, mar dan komme der minsken de auto ús dy't ús wol op de kop slaan wolle. Wy hawwe net hieltyd minsken opholden, mar in rydstripe frij holden. As je nei je wurk moatte, is it lestich. Dat snap ik ek wol." Ien fan de oare boeren hat krityk op de media. "It wurdt tiid dat it earlike ferhaal ferteld wurdt," sa seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)