Ferskate keatsferieningen sjogge ôf fan haadklassepartij: KNKB komt byinoar

06 jul 2020 - 20:42

It liket der op dat der in soad keatsferieningen binne dy't ôfsjogge fan de organisaasje fan in haadklassepartij. Keatsbûn KNKB hat moandei in bywurke aginda publisearre en dêr docht út bliken dat nei Minnertsgea ek de haadklassepartijen yn Makkum (18 july), Seisbierrum (25 july), Arum (26 july) en Wytmarsum (2 augustus) net trochgean. De ferieningen sjogge it mei de jildende foarskriften net sitten om dy partijen te organisearjen.

It keatsbûn KNKB (Koninklijke Nederlandse Kaatsbond) - Foto: KNKB | Wikimedia Commons

Foarsitter Jacob Wassenaar fan KV Minnertsgea hie graach in partij organisearre, mar neffens him koe de feriening net oars as de wedstriid ôf te sizzen. "Wy woenen hiel graach natuerlik, mar it die bliken dat it in te grut risiko is foar de feriening", seit Wassenaar. "By moai waar wurdt der ek in bierke dronken en hoe moat je dy minsken dan oardel meter út inoar hâlde. Dan rin je it risiko dat de partij troch in hanthavener of de gemeente stillein wurdt."

LKC Sonnenborgh, dêr't snein noch keatst is troch fjouwer partoeren, sil nei alle gedachten moandeitejûn in beslissing nimme oer de organisaasje fan de Rengerspartij op snein 19 july.

Teloarstelling

De KNKB is teloarsteld oer it frij grutte tal ôfmeldingen. It haadbestjoer komt moandeitejûn byinoar om de aktuele situaasje te bepraten. Dan wurdt miskien ek dúdlik hokker ferieningen dy't foar 11 july op de aginda stiene, ree binne om in datum yn te foljen dy't no frij komt. It is op dit stuit noch net dúdlik hoefolle keatsferieningen in haadklassepartij oernimme wolle.

De Frouljus PC is op de aginda ferpleatst fan 9 augustus nei snein 27 septimber.

Foarsitter Jacob Wassenaar fan KV Minnertsgea

Trefwurden: 
keatsen KNKB coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)