Brânbrief oer predaasje: mear as de helte fan de nêsten leechfretten

06 jul 2020 - 20:15

De polityk yn Provinsjale Steaten hat in brânbrief krigen fan it agrarysk kollektyf Súdwestkust oer de predaasje fan greidefûgelnêsten. Dy is ekstreem dit jier: tusken de 50 en 70 persint fan alle nêsten giet ferlern. Dat hat lykwols ek te krijen mei it grutte tal mûzen ferline jier. Mar ek dêrfoar waarden der al in soad nêsten leechfretten, sa docht ûnder oare bliken út kamera-ûndersyk.

In stienmurd - Foto: -

It is net de earste brânbrief oer dit ûnderwerp. Mear boeren en frijwilligers yn it agraryske natuerbehear wolle romte om alle soarten predatoren te bejaaien by greidefûgelkearngebieten. Neffens it kollektyf komt it op de kop ferkeard mei de greidefûgels as der neat dien wurdt en nimt de motivaasje fan de greidefûgelbeskermers bot ôf.

Der binne lykwols al langer ek oare lûden wêrby't predaasje sjoen wurdt as part fan in folle grutter probleem mei ús lânskip. Neffens gebietskoördinator Jeroen de Vries is it perfoarst net de bedoeling om predatoren út te roeien.

Boeren kinne mûzen bestride

Fryslân soe it as greidefûgelprovinsje as in ferplichting sjen moatte om yn aksje te kommen. De Vries tinkt net dat de oanpak dy't sy wolle ta problemen liede sil as der wer in soad mûzen binne troch it foar in part fuortfallen fan predatoren dy't soks wat beheine. Neffens him hawwe boeren sjen litten dat sy goed witte hoe't sy sels sa'n mûzepleach bestride kinne.

Gebietskoördinator Jeroen de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)