Veiligheidsregio Fryslân tinkt oan demonstraasjeferbod foar trekkers

06 jul 2020 - 20:16

Veiligheidregio Fryslân tinkt der op dit stuit oer nei om in demonstraasjeferbod foar trekkers yn te fieren. Veiligheidsregio Groningen hat moandei al oanjûn in demonstraasjeferbod foar trekkers yn te fieren. Dat ferbod stiet foar in wike. Yn de rin fan tiisdei 7 july ferwachtet Veiligheidsregio Fryslân útslutsel te jaan oft it ferbod der komt.

Foto: René Wiegmink / ProNews

"Wy nimme no noch net in beslút. Wy binne op dit stuit oan it wachtsjen hoe't de ûntwikkelingen foar moandeitejûn binne," seit wurdfierder Rob Leemhuis. "Yn Grinslân binne der al langer protesten. Dus dat is oars as Fryslân."

De Grinzer Veiligheidsregio hat it ferbod ynfierd 'om herhaling te voorkomen.' Sy wolle de ferkearsfeiligens en de sûnens fan minsken beskermje en ûnoarderlikens foarkomme.

Van der Zwan

De boeren protestearren ôfrûne wykein op It Hearreanfean troch in sneldyk ôf te sluten. Boargemaster Tjeerd van der Zwan sei earder tsjin Omrop Fryslân dat hy it blokkearjen fan sneldiken net akseptearret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)