Campus Fryslân krijt 400.000 euro foar ûndersyk nei regionale bestjoeren

06 jul 2020 - 19:46

RUG/Campus Fryslân hat 400.000 euro subsydzje krigen fan it ministearje fan Ynlânske Saken foar ûndersyk nei bestjoerlike gearwurking tusken regio's. Promovenda Sofie Dreef en prof. dr. Caspar van den Berg analysearje de bestjoerlike systemen fan tsien regio's. Mei de oanrekommandaasjes moatte regiobestjoeren tenei effektiver wurkje kinne.

RUG / Campus Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De subsydzje foar it ûndersyk nei it iepenbier bestjoer is jûn foar trije jier.

Is it noch oersichtlik?

Dreef seit dat de Nederlânske steatsynrjochting op it earste each oersichtlik liket, mar dat dit eins al lang net mear it gefal is. Njonken it Ryk, de provinsjes en de gemeenten binne der tal fan oare bestjoerlike gearwurkingen kaam. Benammen op it regionale nivo, dus tusken de provinsje en de gemeente yn. Dan giet it bygelyks oer de Veiligheidsregio's, omjouwingstsjinsten en gearwurkingen op it sosjaal domein. Dochs ferskilt it faak hokker gemeenten meidogge oan sa'n gearwurking. Dat hinget ôf fan it beliedsûnderwerp.

Sofie Dreef fan Campus Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)