Van den Belt oer nije Cambuurstadion: "Eerste paal in voorjaar 2021"

Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuwe behâlden. Finansjeel direkteur Gerald van den Belt praat der yn de nije SportCast oer.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcast-ôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

Nij stadion

It is sa stadichoan in dossier dêr't net in ein oan liket te kommen: it nije stadion. Oardel moanne lyn waard dúdlik dat der op 'e nij trije moannen fertraging is, mar Van den Belt lit witte dat de problemen fan doe net mear oan 'e oarder binne: "Een groot deel daarvan is opgelost. De grote problemen zijn verholpen."
It projekt is mear kompleks wurden, om't boubedriuw Dijkstra Draisma út de SOC (Stadion Ontwikkeling Cambuur) stapt is. Dat hâldt yn dat projektûntwikkeler Wyckerveste no de iennige partij is yn de SOC. "Dat was een onderdeel van het probleem", sa seit Van den Belt. "Tot een jaar geleden waren Dijkstra Draisma en Wyckerveste samen de SOC, voor 50%-50%. Ze zijn uit elkaar gegaan, waarmee de SOC eigenlijk Wyckerveste is. Daarmee is het wel een heel groot project voor één partij."
Wyckerveste sil no de merk op om te sjen wa't it stadion bouwe sil. Dat soe dus in oare partij as Dijkstra Draisma wurde kinne. Hoe sjocht it trajekt der de kommende tiid út? Van den Belt: "De opdracht aan de aannemer in combinatie met de omgevingsvergunning zal halverwege augustus plaatsvinden. Dan is het point of no return bereikt en dan gaan we voorbereidende bouwwerkzaamheden doen tot het einde van dit kalenderjaar. In februari, maart 2021 slaan we de eerste paal. 1 juli 2022 willen we erin."

Seleksje

As der Cambuur-fans binne dy't noch folle mear nije spilers ferwachtsje, moat Van den Belt se teloarstelle. Der is noch romte foar ien nije spiler en dan is it spilersbudzjet op. Der komt noch in ferdigenjend ynstelde spiler en dan 'zijn we in principe klaar'. Ferline jier is de klup begûn mei in spilersfûns, de 'Heren van Cammingha', dêr sit noch wol wat jild yn. "Daar staat nog een stukje, omdat we dat vorig seizoen voor twee seizoenen zijn gestart."
Hoe sjocht Van den Belt nei de seleksje sa as dy no stiet by Cambuur? "Als een elftal bij elkaar blijft, word je 10 procent beter. Maulun is een jaartje ouder, Jacobs is een jaartje ouder en de staf blijft bij elkaar. Het enige waarnaar je op zoek gaat, is hoe blijven de wisselspelers gemotiveerd? Daar ben ik wel benieuwd naar, maar dat is de uitdaging van onze staf."
© Omrop Fryslân
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.