Claudy Jongstra leit tún oan by ekspo yn Rijksmuseum Twenthe

06 jul 2020 - 15:50

Wol- en filtkeunstner Claudy Jongstra fan Spannum hat in nije tentoanstelling yn it Rijksmuseum Twenthe yn Enschede. De iepening fan Inner Vitality wie sneintejun live te sjen op Youtube. Dêrby presintearre Jongstra ek de troch har ûntwurpen binnentún.

Claudy Jongstra leit tún oan by ekspo yn Rijksmuseum Twenthe

Claudy Jongstra by de binnentún fan it Rijksmuseum Twenthe - Foto: ORF

Jongstra is de earste keunstner dy't oan dit grutte túnprojekt meidocht mei de namme Green Lab. Dêr stean planten en krûden yn dy't sy belangryk fynt. Se makket der pigminten en kleuren fan foar har wurk, mar ek oare keunstners sille der yn de takomst gebrûk fan meitsje en ynspiraasje opdwaan.

By de eksposysje Inner Vitality is besteand en nij wurk te sjen. Sa binne der twa monumintale wandkleden dy't permanint yn de entreehal komme. En der is in grutte romtlike ynstallaasje fan mear as 400 kante meter.

De binnentún fan it Rijksmuseum Twenthe - Foto: ORF

Jongstra fiert aksje foar behâld fan plantesoarten, sei se by de iepening, en siket dêrby de gearwurking mei bedriuwslibben en it ûnderwiis. Se makke bekend dat se mei mbo'ers oan de slach giet yn in 3-jierrich projekt mei it Grinzer Alfa-college, It doel is om mei de learlingen ambachten, kennis en histoaryske rekonstruksjes te behâlden foar takomstige generaasjes. Dy gearwurking mei it ûnderwiis krige se yn Fryslân net foarinoar, fertelde se.

"Ik heb me echt een versuffing gekletst in Fryslân om het mbo open te kraken. Dat is niet gelukt. We gaan drie jaar lang ambachten doen met een groot mbo in Groningen. Met gamejongens en -meisjes die alleen maar achter de computer zitten, die niet weten hoe iets ruikt, proeft, voelt, gaan we aan het werk." Neffens har sjogge de bestjoeren dêr wol yn dat it belangryk is foar de fitaliteit fan dy minsken dat se mei oare saken yn oanrekking komme.

Keunstner fan it jier?

Jongstra krige grutte bekendheid doe't har wurk yn Star Wars brûkt waard. Har wurk hinget ûnder oaren yn it Stedelijk Museum Amsterdam, yn it Museum of Modern Art yn New York en San Francisco en yn it Victoria & Albert Museum yn Londen. Duorsumens, bioferskaat en ûndersyk binne har sintrale tema's.

Se is mei 89 oaren nominearre foar Keunstner fan it jier 2021. Se waard keazen troch in panel fan sa'n 100 keunstkenners. De publike stimronde is krekt úteinset. Dat sil liede ta 25 heale finalisten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)