Waadfûns stekt 8 ton yn proef mei swietwetteropslach Teksel

06 jul 2020 - 12:53

It Waadfûns ynvestearret 850.000 euro yn Zoete Toekomst op Teksel, in projekt dat op grutte skaal reinwetter opfang foar de yrrigaasje fan lânbougrûn. De pilot moat in oplossing biede oan agrariërs op de Waadeilannen dy't hieltyd mear lêst hawwe fan grutte drûchte, ek troch klimaatferoaring. As de proef op it eilân slagget, kinne ek boeren op oare Waadeilannen derfan profitearje.

Texel - Foto: Shutterstock.com, TasfotoNL

Zoete Toekomst is ûnderdiel fan it Investeringskader Waddengebied (IKW), wêrby't de Waadprovinsjes soarch drage foar finansiering fan grutte en mearjierrige projekten. De totale ynvestearring yn Zoete Toekomst bedraacht 1,8 miljoen euro.

Agrariërs op de eilannen hawwe ekstra lêst fan drûchte om't der gjin oanfier is fan swiet wetter fan rivieren en de Iselmar. Ek mei it drinkwetter dat fia in lieding oanfierd wurdt fan de fêste wâl ôf net brûkt wurde foar bereining. Dêr komt noch ris by dat it reinwetter dat op de eilannen falt, ôffierd wurdt nei de Waadsee.

It probleem wurdt ek fergrutte troch klimaatferoaring, wêrby't grutte perioades fan drûchte him ôfwikselje mei swiere reinbuien. It fêsthâlden fan reinwetter troch opslach yn reservoirs soe dêrom in mooglik oplossing wêze kinne.

Undergrûnske opslachsystemen

Foar it kennisprojekt wurde twa ûndergrûnske opslachsystemen ûntwikkele, fan sa'n 50 oant 100 hektare mei elts 15 oant 20 wetterputten. Hjir komme ek ynstallaasjegeboutsjes mei dêryn in wetterpomp. Der kin nei ferwachting elts jier yn totaal 300.000 kubike meter wetter ûndergrûnsk fêsthâlden wurde. Fia yrrigaasjeliedingen wurdt it himelwetter dêrnei nei de lânbougrûnen laat.

Ek wurdt sjoen oft der swiet wetter út de dunen fia liedings nei de wetterputten ferfierd wurde kinne. It giet om in kennisprojekt, dat by sukses liede kin ta útrôl op oare Waadeilannen en it fêste lân. De proef set fan it simmer útein en duorret oant ein 2023.

Selsfoarsjennend

It projekt past yn de doelstelling fan it Waadfûns om swiet wetter tûk te brûken en fêst te hâlden, sadat Waadeilannen op dit mêd selsfoarsjennend wurde kinne. Ek it doel duorsume ekonomyske ûntwikkeling, spesifyk it ferduorsumjen fan de agraryske sektor, draacht by oan dy doelstelling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)