Boargemaster Van der Zwan oer blokkearjen sneldiken: "Dat moeten we niet accepteren"

06 jul 2020 - 12:39

Sneintejûn binne Fryske boeren opnij de dyk opgien om te protestearjen tsjin de stikstofmaatregels fan it kabinet. Rûn It Hearrenfean waarden sneldiken blokkearre en ek in distribúsjesintrum op It Hearrenfean waard stillein. Dat is ûnoannimlik, seit boargemaster Tjeerd van der Zwan.

Snein wer protest fan trekkers op de sneldiken by It Hearrenfean

Hoewol't gemeente It Hearrenfean ûnderfining hat mei boereprotesten, gie it der no oars oan ta as oars. "In het verleden is Heerenveen ook verzamelplek geweest en dat hebben we altijd in goed overleg met de organisatoren kunnen doen. Wat er nu gebeurt is dat het een ongeorganiseerde groep is, en dat ze zelf niet echt een idee hebben wat ze zo'n avond gaan doen," seit Van der Zwan.

"Dat moeten we niet accepteren"

De boeren blokkearren ûnder oaren de A7 en A32, en giene dêrnei nei in distribúsjesintrum fan in supermerk. "Ik vind dat dat soort dingen niet kunnen, dat is niet proportioneel. Ik zou een beroep op ze willen doen contact met de autoriteiten op te nemen, dan kijken we wat acceptabel is en wat kan," sa seit de boargemaster. "Het blokkeren van snelwegen en distributiecentra is een stap te ver en dat moeten we niet accepteren."

Van der Zwan hat oerlis mei de plysje hân oar de protesten, en hat oanjûn dat aksjes sa as dy fan snein yn de net tastein binne. "Ik heb met politie overlegd dat we dat echt niet meer gaan tolereren. Boeren kunnen rustig demonstreren, maar wel in goed overleg met de overheid."

Tjeerd van der Zwan oer de boereprotesten op It Hearrenfean

Foto: ProNews
(Advertinsje)
(Advertinsje)