Grutte ferskillen by kompensaasje sinneparken yn Fryslân
Kompensaasje foar sinneparken is yn alle gemeenten yn Fryslân hiel ferskillend. Ut ûndersyk fan de fjouwer noardlike omroppen blykt dat by 29 fan de 48 sinneparken yn Fryslân der gjin kompensaasje is of dat dy net bekend is by de gemeente. Wylst oare gemeenten mear as hûnderttûzen per jier krije foar in sinnepark.
De gemeente Ljouwert hat hjiryn it grutste oandiel yn mei alve sinneparken. De gemeente jout oan bûten it fergunningstrajekt gjin ôfspraken te meitsjen mei de inisjatyfnimmers. Om in fergunning te krijen is it de ferantwurdlikheid fan de inisjatyfnimmer om draachflak te kreëarjen en de omjouwing te ynformearjen.
125 tûzen per jier oan kompensaasje
Oare gemeenten ha it better foarinoar. De gemeente Eaststellingwerf bygelyks. Foar trije sinneparken krijt de gemeente 125 tûzen euro per jier, wêrfan 100 tûzen euro nei duorsumens en miljeu giet. Dêrneist wurde der sinnepanielen tsjin de ynkeappriis oanbean en wurdt der in fytspaad oanlein.
Ek de gemeente Hearrenfean krijt in finansjele kompensaasje foar in sinnepark. Dy stiet op 29 tûzen per jier. Mar ek kinne omwenners lokaal stroom ôfnimme en is der in duorsumhied en enerzjytransysjefûns oprjochte fan yn totaal 124 tûzen euro.
Een gemeente heeft helemaal geen instrumenten om een compensatie te eisen.
Klaas Kwakkel, de Noordelijke Rekenkamer
Neffens Klaas Kwakkel fan de Noordelijke Rekenkamer is it begryplik dat de ferskillen per gemeente sa grut binne. De gemeenten ha juridysk sjoen gjin foech oer hoe't in omjouwing profitearret fan in sinnepark.
"Geen instrumenten om compensatie te eisen"
De Noordelijke Rekenkamer hat ek ûndersyk dien nei de 'kosten en baten' fan sinneparken. "Een gemeente heeft helemaal geen instrumenten om een compensatie te eisen. Als een gemeente bevoegd gezag heeft, dan is het een ruimtelijke bevoegdheid. Dit betekent dat ze invloed hebben op de plek waar het zonnepark komt en het vergunningstraject dat de ontwikkelaar moet doorlopen. Tenzij het zonnepark wordt gebouwd op gemeentegrond, dan kan de gemeente, als grondeigenaar, meer eisen stellen."
Hoe't it kin dat de iene gemeente folle mear kompensearre krijt foar in sinnepark leit neffens Kwakkel dat sommige gemeenten it dochs besykje, ek al ha se it foech net. Hy sjocht op dit momint wol in trend dat inisjatyfnimmers en gemeente folle mear oerlizze.
Klaas Kwakkel fan de Noordelijke Rekenkamer
Oanriede draachflak te krearjen
Wat de gemeente Ljouwert bygelyks wol docht is yn it fergunningtrajekt de ûntwikkelder oanriede om draachflak te krearjen yn de omjouwing fan it sinnepark. Se freegje de ûntwikkelder om in sessie mei bygelyks in buertferiening te hâlden en dêrnei in byienkomst te organisearjen wêrby't elkenien wolkom is. De gemeente wol dan ek oanwezich wêze. Dêrnei kin de ûntwikkelder in oanfraach dwaan foar in omjouwingsfergunning.
Keamerfragen
Nei oanlieding fan it ûndersyk fan de Noordelijke Rekenkamer binne der neffens Kwakkel wol oriïntearende stappen set om it foech fan in gemeente en provinsje oan te passen. Der binne keamerfragen stelt oan Eric Wiebes, Minister van Economische Zaken en Klimaat. Under oaren is frege wat syn miening is oer it feit dat omwenners fan it iene projekt mear kompensaasje krije as omwenners fan in oare projekt. En dat der ienduidige wetlike noarmen komme moatte foar kompensaasje en finansjele partisipaasje.
Wiebes syn reaksje hjirop:
"Er is sprake van maatwerk en de mate en wijze waarop omwonenden kunnen meeprofiteren kan daarom verschillen per project en per gebied. Ik ben daarom geen voorstander van eenduidige wettelijke normen ten aanzien van financiële participatie op landelijk niveau.
Wel is het van belang dat bij energieprojecten het bevoegd gezag voldoende juridische mogelijkheden heeft om vooraf eenduidige kaders te kunnen vaststellen ten aanzien van financiële participatie."
Yn it antwurd fan Wiebes stiet ek dat der op dit stuit yn kaart brocht wurdt wat de juridyske mooglikheden fan gemeenten en provinsjes binne as it giet om it stellen fan easken oan finansjele partisipaasje. Hy ferwachtet de keamer hjiroer nei de simmer te ynformearjen.
Kompensaasje per gemeente
Achtkarspelen | Gebiedfûns mei 7500 per jier en in blommeweide, fruitbeammen, oplaadpunt elektryske fytsen |
Ameland | Oandielen in trije ferdield: ENECO, energiecoöperatie en gemeente |
Dantumadeel | Gjin kompensaasje |
De Fryske Marren | Gjin kompensaasje |
Harlingen | Utjefte oandielen |
Heerenveen | Duorsemheidfûns, lokaal stroom ôfname, oanbod sinnepanielen |
Leeuwarden | Unbekend |
Noardeast Fryslân | Gjin kompensaasje en 1 sinnepark kompensaasje ûnbekend |
Ooststellingwerf | 3 sinneparken 125.000 per jier, 1 sinnepark in ienmalige utkearing, de oaren gjin kompensaasje |
Opsterland | Pleatsing 108 sinnepanielen sportkompleks Griene Leane |
Smallingerland | Unbekend |
Súdwest Fryslân | Omjouwing kin dielnimme yn koöperasje |
Terschelling | Gjin kompensassje |
Tytsjerksteradiel | Omjouwing kin dielnimme yn koöperasje en omwenjenden kinne griene stroom keapje |
Vlieland | Omjouwing kin dielnimme yn koöperasje en oandelen keapje |
Waadhoeke | Omwenners kinne oandelen keapje |
Weststellingwerf | 1 ûnbekend, 2 sinneparken ienmalich 236.000 en 25.000 per jier, En omwenners kinne ynfestearje. |