Takom wike gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost

Fanwegen ûnderhâldswurksumens oan it spoar ride der fan sneon 11 oant en mei woansdei 15 july en op snein 19 july tusken Ljouwert en Bûtenpost gjin treinen.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Arriva set sawol snel- as stopbussen yn. Tusken Bûtenpost en Grins ride stoptreinen. Fan tongersdei 16 oant en mei sneon 18 july ride der op it hiele trajekt allinnich stoptreinen. Reizgers moatte rekken hâlde mei sa'n tritich minuten ekstra reistiid, seit Arriva.