Nyck de Vries testrider Toyota yn WEC-kampioenskip

06 jul 2020 - 10:59

Nyck de Vries is yn it noch restearjende diel fan it seizoen en folgjend jier reserve- en testrider fan it fabryksteam fan Toyota yn it World Endurance Championship. De 25-jierrige autokoereur fan Snits, foarich jier kampioen yn de Formule 2, komt al langer út yn de langeôfstansraces en teste yn desimber yn Bahrein al yn de TS050 HYBRID fan Toyota.

Foto: OrangePictures

Yn dy bolide, mar ek yn de Formule E en earder as rider fan it Racing Team Nederland yn de op ien nei heechste klasse (LMP2), makke De Vries safolle yndruk dat de kommende wike as testrider foar Toyota begjint.

Utsein as test- en reserverider sil hy ek in grutte rol spylje by de fierere ûntwikkeling fan de nije Le Mans Hypercar dy't folgjend jier brûkt wurde sil. De Vries ferfangt de Frânsman Thomas Laurent.

Ear

De Vries neamde it in ear keazen te wêzen troch Toyota: "Het rijden in de TS050 HYBRID in Bahrein was een fantastische ervaring. Ik hoopte al dat het niet bij die ene keer zou blijven. Ook het meehelpen ontwikkelen van de nieuwe wagen spreekt me aan. Ik hoop dat ik kan bijdragen aan een succesvolle start van een nieuw tijdperk voor het team."

(advertinsje)
(advertinsje)