Kollum: "Hoe’t ik fia Tinder oan in dikke Benz kaam"

06 jul 2020 - 08:54

"Myn freon en ik, wy kenne elkoar fia Tinder. Ja, dat ha jo goed heard, fia Tinder. En dêr skamje ik my net foar. Ik bin der hiel grutsk op sels. Want oe, wat bin ik bliid mei him.

Foto: Janneke de Haan

De Toan fan Janneke de Haan

Nei wat ûngelokkige relaasjes downloade ik de app en kaam ik Thys tsjin. Leuke jonge, mar foaral: moaie camper! In kikkertgriene Volkswagen T3. Dêr seach ik mysels al direkt in moai eintsje yn fuort riden. Al hiel lang dreamde ik fan in eigen camperke. Mar ja, as krekt ôfstudearre teäterregisseur koe ik dat lang net betelje. Ik hie in fyts, dêr moast ik it mei dwaan.

Alle jierren gong ik mei de famylje en wat freonen nei it hippy-festival yn Gorinchem, dêr'tst allinnich wolkom bist mei in âld buske. It moat in oldtimer wêze; mei oare wurden, in âld barrel. Dus wy elk jier wer sa'n ding hiere. En ek in kear in grutte Mercedes-Benz.

Ik wit it noch goed, it wie mei myn skoansus. Wy bedarren yn in doalhôf-eftige Vinex-wyk yn Rosmalen, dêr't midden op 'e dyk, tusken al dat nijs, in enoarme âlde Mercedes-bus stie. Myn skoansus achter it stjoer en nei tritich sekonden foargloeie wy mei hoarten en stjitten, in helsk leven en in grouwe diselreekplom de nijbou út. Op it festival oankommen, hiene wy in protte bekyk. En ik moast fansels wol even in moai kykje meitsje foar op myn Tinder-profyl. Want, stiet wol stoer no, foar sa'n dikke Benz!

Thys fan de griene T3 reagearre en ik dreamde daliks al fan romantyske wyldkampeartripkes troch Europa. Tegearre yn it griene, smûke buske, waarm tsjin elkoar oan. Dus ja, ik woe wol mei him (en syn bus) op date!

Wy moeten elkoar yn de Ceuvel, in hipsterkafee by my yn 'e buert yn Amsterdam-Noard. Nei wat smalltalk wie Thys syn earste sin: 'Hoe lang heb je die Mercedes-camper al?' Wêrop't myn antwurd wie: 'Die Mercedes-camper? Welke Mercedes-camper?' Thys sei neat en wachte op in antwurd. Ynienen moast ik oan myn Tinder-foto tinke en lake: 'O, die Mercedes-camper! Ja, die was jammer genoeg gehuurd. Maar jij hebt toch een eigen camper? Die leuke, groene, kikkerkleurige T3?'

Wat ik doe seach yn Thys syn reaksje wie in mjuks fan teloarstelling en wanhoop. Even tocht ik dat hy opstean en fuortrinne soe. Mar lokkich bleau hy sitten en fertelde hy hiel earlik dat hy by it sjen nei myn foto mei de grutte Mercedes direkt tocht: WOW, wat in moaie dikke Benz! En dat hy dêrnei pas nei my seach. De griene kikkert blykte in ôfgryslik rotding te wêzen, dêr't Thys ferskate sliepeleaze nachten fan hân hie. Altyd kapot. It leafst woe hy him nei de sloop bringe. En doe seach hy my op Tinder foarby kommen en tocht: in frou mei in bus, dy't it wól docht! Dêr moat ik mei op date.

Yntusken wie hy oer syn teloarstelling hinne en hiene wy in fonkeljende earste date. Oer de 'campermiskommunikaasje' koene we lokkich smaaklik laitsje.

Goed fjouwer jier letter en it griene buske is ferkocht. Tegearre ha we in Mercedes 207 kocht, mar spitichgenôch is dy stellen. As treast ha we doe mar syn grutte broer kocht: de Mercedes Benz 508. En o, wat binne we dêr wiis mei.

Op it stuit stiet hy hielendal ynpakt. Moarn sille we mei de dikke Benz op stap. Hûntsjes mei en gas derop!

Dankewol Tinder."

(advertinsje)
(advertinsje)