Lulke Skiermûntseagers hâlde hantekenaksje tsjin bouplannen kolleezje

06 jul 2020 - 10:32

Lulke Skiermûntseagers binne in hantekeningaksje begûn tsjin plannen fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders foar in nije dyk op it eilân. De dyk komt dwers troch de natuer te lizzen en dêr wiene de eilânbewenners it net mei iens. De petysje is yntusken al mear as 450 kear ûndertekene.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De dyk soe nedich wêze om in lyts bedriuweterrein tagonklik te meitsjen. It argumint dat it kolleezje brûkt, is dat dêrmei de ferkearsdruk yn it sintrum fan it 'autoluwe' eilân noch fierder ôfnimme sil.

De dyk soe lykwols komme te lizzen troch it lêste stikje ûnoantaaste polder en dêrmei it beskerme sicht op it doarp beheine. Boppedat sil de lytste fan de sân boeren op it eilân in stik lân ôfstean moatte. Neffens de lulke eilânbewenners is it dan noch mar de fraach oft de ferkearsdruk echt ôfnimme sil.

Haast

De plannen fan it kolleezje waarden neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje yn rap tempo presintearre. Dy haast soe laat hawwe ta in soad ûndúdlikens en de noasje fan mislieding dy al gau de rûnte.

Eilânbewenners sizze dat sy net om harren miening frege binne. Dat is benammen opfallend om't acht jier lyn in ferlykber plan stranne troch grutte wjerstân fan de eilanner befolking.

Hantekeningelist

Om't in groep eilanners goed yn byld bringe woe hoe't de ynwenners tinke oer de plannen, binne se mei in hantekeningelist by de doarren delgien. Yn in wike tiid binne der sa'n 460 hantekens garre. Dy wurde tiisdei, op de gemeenteriedsgearkomste, oan it kolleezje oanbean.

Ald-riedslid Harm Carrette sjocht de plannen net sitten

(Advertinsje)
(Advertinsje)