Simmerblog: Simmer yn Reahûs

06 jul 2020 - 17:24

Dizze hiele simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of wyk?

Hjoed binne we de hiele dei yn Reahûs. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen. Jûns om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen.

18:00
Simmer yn Reahûs
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slúte it simmerblog ôf foar hjoed. Moarn binne wy der wer, dan is Simmer yn Fryslân de hiele dei yn Noardwâlde. Oant moarn!

17:50
Wat fûn Reahûs fan Simmer yn Fryslân?

De Reahûsters sjogge tefreden werom op Simmer yn Fryslân yn it doarp, fertelt Nyncke Posthuma fan it doarpsbelang. "Wy wisten net echt wat wy der ús fan foarstelle moasten. As je dan sels troch sa'n dei hinne sjogge dat je sa'n soad geweldich leuke dingen ha, dan is in lyts doarp hartstikke grut."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek oer Simmer yn Fryslân yn Reahûs

Nyncke Posthuma - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:45
Bierke derby?

Sûnens! Sa hjit it Reahûster bier. It wurdt makke troch Mark de Ree fan Kafé de Ree. "Dit jaar zou de Slachte zijn, Reahûs zou een oase zijn. Wij dachten als bierbrouwerij in wording, we moeten een eigen bier hebben tijdens de Slachtemarathon." De namme, earst wie it Trochrinner, waard oanpast en it bierke gie nettsjinsteande de coronakrisis yn de ferkeap.

"Toen de corona uitbrak hadden we 180 liter, en dachten we, hoe moeten we daar ooit vanaf komen? Nu wilde de camping al bijbestellen en die moesten we teleurstellen." De Reahûsters binne sljocht op it bierke. "Dat wolle je eltse dei wol efkes besykje", laket Marijke Andringa.

Sûnens! It bier fan Reahûs

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:11
Reahûs is grutsk op band Smûk

Yn Reahûs is ek in band aktyf: Smûk. "Smûk is in coverband út de omjouwing fan Snits en wy binne no fiif jier dwaande. Wy spylje eins fan alles, foar jong en âld," beskriuwt drummer Ruerd Bakker. De band helle tsien jier lyn de finale fan Clash of the Coverbands yn Paradiso. "Ik sprek tink ik neffens elkenien dat dat de moaiste dei fan je libben is, as je dêr op it poadium stean wêr't al dy grutte nammen stien ha."

De Reahûsters binne wol in bytsje grutsk dat it doarp in suksesfolle band hat. "Neffens my fynt elkenien it wol leuk, wy ha in soad minsken út Reahûs dy't wol gau ris komme te sjen. Omdat dy it dochs wol moai fine dat der yn sa'n lyts doarp in reedlik groeiend bandsje is."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by de drummer fan Smûk

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:35
Alles oan 'e hang

Ek keatsferiening Reahûs-Turns mei wer los mei it keatsen. Snein stûnen de keatsers foar it earst wer op it fjild. "Dat wie wer as fan âlds, wy ha der lang op wachte," sa seit Wiebe Terwisscha van Scheltinga. Yn Reahûs komt eins it hiele doarp nei it fjild as der keatst wurdt. "It wie aardich fol. At se sels net keatse, dan komme se wol efkes om it hoekje sjen foar in hapke en in drankje."

Reahûs-Turns belibbe yn 2002 in hichtepunt. De keatsers fan de feriening wisten doe de Freule te winnen. In tige spannende wedstriid dy't einige mei alles oan 'e hang. "Dat is sa'n bytsje it meast bysûndere feest dat ik my herrinerje kin. We hiene der net op rekkene, dus wy moasten alles op it lêste momint noch regelje." It hiele doarp holp mei. "Elkenien regele wat en in pear oeren neidat de beslissende slach foel hiene wy feest, it wie krekt of wie it ta yn de 'puntjes' taret."

Reahûs-Turns mei wer keatse

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:09
Foar elke generaasje in keet

Reahûs hat mar leafst fjouwer keten yn it doarp. Elke generaasje hat sa'n bytsje in eigen keet. "Ik tink dat elke keet wol wat lyk is yn de geselligens," seit Paul Brandsma fan ien fan de keten. "Dit is in echte boerekeet, opsetten troch maten. En no sitte wy hjir moai elk wykein mei in pot bier."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn in keet by Reahûs

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
13:15
"Wy hingje oan inoar"

Yn lytse doarpen is de leefberens faak net al te bêst. Mar yn Reahûs is it gjin probleem. "De leefberens op sosjaal gebiet is hiel grut. Wy hingje wol wat oan inoar, kin ik wol sizze," fertelt Marijke Andringa. "Der binne mar 185 ynwenners, dus it is wol te oersjen."

Wol is it wichtich dat der huzen by komme, seit Andringa. "As wy no ris ien of twa huzen krije koene yn Reahûs, dan soe der wer wat groei yn sitte, dat is eins wol nedich." "Der is hielendal gjin sosjale wenningbou. En at je starte wolle je graach yn in lyts húske begjinne, der binne mar trije fan. En at der ien frijkomt wurdt der hast om fochten."

Hoe liket it mei de leefberens yn Reahûs?

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
11:48
Efkes de kroech yn

Mark en Liset de Ree namen yn 2015 de kroech fan Reahûs oer. Dat gie der wol wat nuver oan ta, fertelt Mark. "Op een avond tijdens het dorpsfeest was mijn vrouw een keer zonder mij in het café, en na een avondje borrelen had ze een optie genomen op de kroeg. Ieder geval, zo las ik het de volgende ochtend in een sms'je. En in de loop der tijd hebben we het doorgezet."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn Kafé de Ree

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
11:35
Reahuster Monopoly

Reahûs is in lyts, mar ek in tige aktyf doarp. Aktiviteitekommisje It RAK organissearret geregeld moaie aktiviteiten foar de ynwenners. Sa wie der in spultsjesdei foar it hiele doarp, mei in spesjale Reahûster ferzje fan Monopoly.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by It RAK

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
10:31
"Wat moatte wy no mei in camping yn Reahûs?"

Trien en Anne Engelsma setten sa'n 15 jier lyn útein mei harren camping 'De Finne'. Se krigen doe wol wat fernuvere reaksjes. "It is wiid, wetter, it is lân, en dan begjinne je samar in camping. Minsken hiene sokssawat fan, wat moatte wy no mei in camping yn Reahûs?" seit Trien. "It stik lân wêr't de camping op boud is, wie it minste stik lân dat wy hienen. It leanbedriuw en alles sei, 'jonges, dit wurdt hielendal neat, dit komt noait goed'."

Hoewol't it waar net al te bêst is, stiet de camping no hielendal fol. "It is in hiele aparte gewaarwurding," seit Anne. "No waait en reint it en dan stiet it fol, en yn april wie it mei it moaiste waar fan de wrâld leech."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht op camping De Finne

10:00
"Wy ha noch wol wat te dwaan"

Reahûs hat noch altyd in eigen basisskoalle, de Sint Bonifaciusskoalle. Hoewol't de bern al simmerfakânsje ha, is direkteur Peter Mulder noch drok dwaande. "Fakânsje jildt net hielendal foar ús, de bern ha fakânsje mar wy ha noch wol wat te dwaan."

De skoalle hat romte foar 80 learlingen, mar tsjinwurdich binne der noch mar 45. "Wy ha hiel wat romte. Dat wie no in hiel moai foardiel, mei de corona sieten wy hielendal net mei oardelmeterproblemen."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman by de Sint Bonifaciusskoalle

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:45
It begjin fan Reahûs

Wy begûnen fan 'e moarn yn de tsjerke fan Reahûs. In logysk plak om útein te setten, fertelt doarpshistoarikus Karel Andringa. "Dit wie it earste gebou dat yn Reahûs stie. Om dizze tsjerke hinne is ús doarp ûntstien."

Mar, wêr komt dy namme 'Reahûs' eins wei?

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn de tsjerke fan Reahûs

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:40
In waarm wolkom

Us ferslachjouwers krigen in waarm wolkom yn Reahûs: it hiele doarp hat de flagge úthingjen.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:30
Wolkom yn Reahûs!

Goeiemoarn en wolkom by it earste simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed yn Reahûs. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)