Wy binne fan start: dit is de Simmer yn Fryslân by Omrop Fryslân

Oan it waar bûten sjochst it net, mar mei de radio en telefyzje op Omrop Fryslân is it dochs echt wer safier: Simmer yn Fryslân! Fan hjoed ôf is it twa moanne lang genietsje fan de moaiste simmerske programma's by Omrop Fryslân. En al wurdt it miskien in oare simmer as ferwachte, ek yn Fryslân falt genôch te belibjen, te sjen en te hearren. Ach, wat binne wy moai fuort net?
© Omrop Fryslân
Sjoch hjir hokker programma's dizze Simmer yn Fryslân te folgjen binne by Omrop Fryslân.

Simmer yn Fryslân

Yn it programma 'Simmer yn Fryslân' meitsje wy in acht wiken lange toer troch ús provinsje. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer? Is it dit jier in bysûndere simmer? En wat fine de minsken fan har eigen doarp of wyk?
Oerdei is it programma te folgjen fia radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Jûns om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen. Benijd wannear't wy yn dyn doarp binne? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/simmer.

Skûtsjesjoernaal

In simmer sûnder skûtsjes is in stap te fier, en dêrom komt Omrop Fryslân fan moandei 20 july ôf twa wiken lang mei it Skûtsjesjoernaal op telefyzje. In spesjaal Skûtsjesjoernaal út it Skûtsjemuseum yn Earnewâld wei dêr't foaral it 75-jierrige jubileum fan de SKS sintraal yn stiet. Unike barrens, in soad histoarje en sterke ferhalen út de ôfrûne 75 jier komme foarby. Alle dagen sitte yn it Skûtsjesjoernaal twa gasten oan tafel. Skûtsjeskippers fan doe en no skowe oan, mar der is ek romte foar oare gasten.
It Skûtsjesjoernaal is fan moandei 20 july ôf twa wiken lang alle wurkdagen te sjen by Omrop Fryslân.

Keatsen

De 5e woansdei fan july, dy sit yn it systeem fan de keatsleafhawwer. En al is dit jier alles oars, dochs is Omrop Fryslân op woansdei 29 july de hiele dei op it ferneamde Sjûkelân yn Frjentsjer. Mei live reportaazjes op radio en telefyzje, mei PC leden, keatsers, âld-keatsers, leafhawwers en frijwilligers. De hiele dei, fan 08.00 oere oant 18.00 oere. En dêrnei? Dan is der live op radio en ynternet noch in oere lang PC Kafee. Mei nostalgy, sterke ferhalen, live muzyk en in prachtige kollum.
Woansdei 29 july, fan 08.00 oere ôf op radio, telefyzje en online.

Simmer 2000

Fan sneon 11 july ôf giet it radioprogramma Sneon yn Fryslân werom nei de simmer fan 2000. Tweintich jier lyn in begryp yn ús provinsje. Mear as 270 doarpen en stêden kamen yn beweging en sa krige de simmer fan 2000 in magyske klank, dy't no, 20 jier letter noch altyd neiklinkt.
En no yn de simmer fan 2020 sjocht it programma Sneon yn Fryslân acht wiken lang werom op dy magyske simmer fan 2000. Op sneon 11 july begjint it feest mei in lokaasje-útstjoering yn Boazum. Dêrnei giet Omrop Fryslân alle wiken de provinsje yn foar ferskate reportaazjes en wurde gasten ûntfongen yn de studio. En wat der de lêste sneon 29 augustus barre sil? It soe samar spektakulêr en muzikaal einigje kinne.
Sneon yn Fryslân is alle sneonen tusken 13.00 en 18.00 oere te hearren by Omrop Fryslân op radio.
Alle ynformaasje oer Simmer yn Fryslân fynst op Omropfryslan.nl/simmer.