Simmerskoalle yn Ljouwert om learachterstân troch coronakrisis yn te heljen

06 jul 2020 - 07:57

Proloog organisearret dit jier foar it earst in simmerskoalle foar bern út de groepen 1 oant en mei 4. Dat docht de skoalkoepel om't guon bern troch de coronakrisis in learachterstân oprûn hawwe. Dêrneist binne kwetsbere bern dúdliker yn byld kaam.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

De simmerskoalle foar bern út groep 5 oant en mei 8 wie der al. Troch dy no ek foar de legere klassen oan te bieden, wol Proloog op in leechdrompelige manier bern byspikerje en derfoar soargje dat se aanst wer goed taret oan it nije skoaljier begjinne kinne.

De reguliere lessen dy't de bern yn it skoaljier folgje, krije dêrmei in ferfolch yn de simmerfakânsje. De fokus leit lykwols net allinnich op it learen. "It moat foaral in hiele moaie perioade foar de bern wurde, mei ûnder oare sport- en kreative aktiviteiten. We hawwe der in moaie fariaasje yn oanbrocht", fertelt Ruerd Kuiper, direkteur ûnderwiis by Proloog.

Trije groepen

Proloog fokusset op de jongere bern om't sy yn de coronatiid in soad skoalle mist hawwe. Dêryn makket de skoalkoepel ûnderskied tusken trije groepen. As earst bern dêr't de skoalle fan seit dat it goed wêze soe as se trochgean mei learen. "Dy bern hawwe net perfoarst in achterstân, mar it is wol in goede saak om troch te gean yn de simmerperioade."

De twadde groep binne bern mei in bepaalde ûnderwiisbehoefte, sa't Kuiper it sels seit: "It giet dan bygelyks om bern mei problematyk as autisme." Tredde groep binne kwetsbere bern. "Ek foar dy groep is it wichtich dat we yn de lange simmerperioade goed kontakt mei harren hâlde."

De Plataanskoalle yn Heechterp-Skieringen - Foto: Google Street View

Proloog bepaalt yn gearspraak mei de âlden wa't nei de simmerskoalle komt. Ut oerlis mei harren is in lytse 40 bern út de groepen 1 oant en mei 4 selektearre. Kuiper: "We binne der dit jier hiel goed útkaam hokker bern dat wêze moasten."

Genôch animo ûnder learkrêften

Hoewol't de learkrêften de ôfrûne moannen flink skeakelje moasten en in soad ekstra ynspanning levere hawwe, wie der ûnder harren in soad animo foar de simmerskoalle. "Der wiene sels mear minsken dy't meiwurkje woene as we nedich hiene, dus dat wie hiel posityf. Dêr hawwe we gjin problemen mei hân", leit Kuiper út.

De simmerskoalle is op de lokaasje Plataanskoalle yn de wyk Heechterp-Skieringen, fan 9.00 oant 12.00 oere. De simmerslessen wurde organisearre troch Proloog sels en der binne gjin kosten oan ferbûn. Foar de groepen 5 oant en mei 8 wurdt der gearwurke mei de gemeente Ljouwert.

Ruerd Kuiper, direkteur ûnderwiis by Proloog

(Advertinsje)
(Advertinsje)