Sinneparken: goud foar ûntwikkelers, skyntsje foar boarger

Sinneparken sjitte as poddestuollen út de grûn yn de fjouwer noardlike provinsjes. Foar de ûntwikkelers fan dizze parken is it lukrative hannel. En fan de fertsjinsten sjogge de ynwenners fan gemeenten yn Noard-Nederlân amper wat werom. Dat docht bliken út ûndersyk fan de fjouwer noardlike omroppen.
REPO sinneparken online
Troch Eva Meesterberends en Egbert Minnema
De 184 parken yn Noard-Nederlân hawwe mei-inoar sa'n 1,5 miljard euro subsydzje nedich om rendabel wêze te kinnen. Neffens enerzjyplanolooch Christian Zuidema is it oan bedriuwen en boargers om dit bedrach op te bringen. "Boargers betelje mear, omdat de enerzjyprizen foar harren heger leit. In grut diel fan dy belestingen giet as subsydzje nei ûntwikkelers fan wyn- en sinneparken, ek yn it bûtenlân."

Hoe sit it yn Fryslân?

Yn Fryslân is de ferhâlding fergelykber mei de oare Noardlike provinsjes: hjir binne subsydzjes jûn foar 48 sinneparken. Dêrfan binne op it stuit al 21 parken boud. De sinneparken krije foar fyftjin jier subsydzje. Yn Fryslân giet it op it stuit om goed 214 miljoen euro.
Zou het niet logischer zijn dat de burger ook veel meer terugziet van het eigen belastinggeld?
Christian Zuidema, enerzjyplanolooch
By Zuidema ropt it de fraach op oft it net earliker ferdield wurde moat. "Zou het niet logischer zijn dat de burger ook veel meer terugziet van het eigen belastinggeld?"
Neffens it Klimaatakkoart moat dat wol. Yn dat akkoart stiet dat 'omjouwing en merkepartijen lykweardich gearwurkje yn de ûntwikkeling, bou en eksploitaasje'. Dit moat der neffens it akkoart ta liede dat de helte fan de produksje eigendom is fan boargers en bedriuwen yn de omjouwing.
© Omrop Fryslân

Partisipaasje en kompensaasje net goed te mjitten

Ut in rûngong by alle gemeenten yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel del dêr't de parken al draaie of komme te stean, docht bliken dat dêr noch net folle fan telâne komt. As der al oan partisipaasje dien wurdt, is it faak ferskillend en ûntrochsichtich. Gemeenten witte faak net mear as dat in ûntwikkeler in oanbod dien hat.
Yn guon gefallen is der sprake fan direkte finansjele kompensaasje, bygelyks wannear't in ûntwikkeler in gebietsfûns follet. In oare manier om mei te dielen yn it sinnepark is saneamde partisipaasje. Soms kinne omwenners bygelyks tsjin ynkeappriis sels panielen oanskaffe by de ûntwikkeler of wurde der oandielen oanbean.
Sjoch hjirûnder nei in oersjoch fan de sinneparken yn it Noarden. De grutte fan de stip jout oan hoe grut oft it park is. Yn it read de sinneparken dy't der al steane, yn it grien de sinneparken dy't noch boud wurde.

11 fan de 184 hat koöperaasje

De foarm fan partisipaasje dy't it tichtst by dield eigendom komt, sa as it Klimaatakkoart foarstelt, is in koöperaasje. Dêr binne in pear foarbylden fan te finen yn Noard-Nederlân, mar se binne fier yn de minderheid. By mar 11 fan de 184 parken is sprake fan in koöperaasje, soms is in park folslein yn behear fan in koöperaasje, soms foar in part.
Veel bedrijven die zonneparken bouwen zijn een stuk gehaaider, het kan moeilijk zijn ertussen te komen om je plek op te eisen
Egbert Ludwig, direkteur fan Bronnen van Ons
Dy koöperaasjes blike dreech te realisearjen. Egbert Ludwig, direkteur fan Bronnen van Ons, hat dêr wol in ferklearring foar. "Je moet niet vergeten dat het Klimaatakkoord maar een jaar oud is. En ook de hele coöperatieve wereld is nog jong. Veel bedrijven die zonneparken bouwen zijn een stuk gehaaider, het kan moeilijk zijn ertussen te komen om je plek op te eisen."

Kennisefterstân gemeenten

In oar aspekt is neffens Ludwig de kennisefterstân by in soad gemeenten. "Je merkt dat er ontzettend weinig kennis is, mensen zijn onzeker en de besluitvorming is traag. Op zich is dat begrijpelijk, het hoort bij de beginfase, maar die bedrijven zijn flink gehaaid. Die pakken het veel sneller op en profiteren dan ook enorm."
Ferslachjouwer Eva Meesterberends oer de sinneparken
Mear witte oer it ûndersyk nei sinneparken? Letter dizze moandei bringt Omrop Fryslân ferhalen oer de Fryske gemeenten dy't gjin goed sicht hawwe op kompensaasjeregelingen. In oar ferhaal giet oer in Fryske enerzjykoöperaasje, dy't begjin 2021 nei alle gedachten út ein sette kin mei de bou fan harren sinnepark.