Geert fileart: Keatse bliksem

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Lang om let liket it keatsseizoen los te gean.
It begûn tongersdei 2 july hoopfol mei in coronaproof Algemiene Ledegearkomste (sis mar AV) yn Sporthal De Trije yn Frjentsjer. Dat hoopfolle wie der trouwens rap ôf.
Dat sit sa. Yn 2019 gûchele foarsitter Wigle Sinnema sa allemachtich mei de beskikbere tiid en de wurklist om, dat dy AV pas tsjin healwei tolven nachts ôfrûn wie. Bespotlik fansels. Fan 't winter, doe't der fan corona noch gjin sprake wie, haw ik in pear regiogearkomsten bywenne. Benammen yn de Wâlden. En dêr seinen se tsjin Wigle: "Pas op jonkje, ast it wer sa let makkest op de AV dan rinne wy der út". Wigle beloofde plechtich dat de AV nea wer sa let dien wêze soe. Wat is de belofte fan in keatsbestjoerder wurdich? Neat, sa die 2 july bliken. It waard wer likernôch healwei tolven foardat de hammer foar it lêst foel.
Jonges, jonges, fan it keatsbûntsje. Dit kin dochs net! Tink no ris nei oer in modernere wize fan gearkommen. Yn dit digitale tiidrek kin der in protte foarôf besletten wurde en is it net nedich dat elk artikeltsje fan in reglemintsje of fan de statuutsjes behannele wurde moat op de AV. Wurd kreatyf, tink nei en doch dit nea wer. Ut namme fan alle wâldpiken (dy bleaune trouwens allegearre wol sitten) sis ik: lêste warskôging Wigle, oars komme we net wer.
It foel in protte minsken ek wat ôf dat it haadbestjoer fan it keatsbûn net mei konkrete agindafoarstellen foar de rest fan it seizoen kaam. "Dat hinget fan de ferieningen ôf", sa waard der sein. Jawis, dat is sa. Want dy ferieningen moatte de partijen organisearje. Mar wêrom wer sa'n behâldende, hast ynaktive hâlding oannimme. Tusken it momint fan de bekendmakking fan Rutte fan de grutte ferromming en de AV lei acht dagen. As je no in AV goed ynformearje en betsjinje wolle, dan hie it dochs foar de hân lein dat it folsleine personiel fan it bûnsburo, desneeds mei wat frijwilligers alle ferieningen belle hiene. Mei mar ien fraach: wolle jimme de tawiisde partijen fan 11 july ôf organisearje. En dan hie it haadbestjoer in moaie foarriedige list mei keatsdagen oerlizze kinnen oan de gearkomste.
Mar nee hear, it giet wer oarsom. It wurd is oan de ferieningen. De teannen stean je bytiden krom yn de skuon. Mar de KNKB wol gjin gatten yn de aginda! "Se binne net sa pro-aktyf", hearde ik sneintemiddei op it fjild fan LKC Sonnenborgh in âld-keatser sizzen. It synisme dripte der ôf. Want op Sonnenborgh waard wol keatst snein. Partikulier inisjatyf fan in pear leafhawwers (wêrûnder ek âld-keatsers), dy't in gewillich ear fûnen by de warbere bestjoersleden fan LKC.
"Keatse bliksem", seinen de mannen en sa barde it.
Op dat fjild fan Sonnenborgh waard ek bekend dat Minnertsgea op woansdei 15 july de haadklassepartij (foar manlju én froulju) net organisearje sil. In kompleks oan faktoaren leit by dy beslissing oan de basis. Op de website fan KV Minnertsgea leit foarsitter Jacob Wassenaar út wêrom dy beslissing naam is. Mei frisse tsjinsin! Dat lêze je tusken de regels troch. De frustraasje spat der ôf, mar de arguminten dy't Jacob oanfiert binne falide en dêr kinne je allinnich mar begryp foar opbringe. Mar oh, oh, wat is dit spitich. Minnertsgea, mei syn haadklassepartij op twa wiken fan de PC is in anker yn de keatsaginda. Ek al telt hy rankingmjittich net mei, mar dêr lizze se yn Minnertsgea net wekker fan.
No sit it neffens resinte berjochten fan de KNKB sa, dat alle partijen foar 1 augustus falle yn de saneamde 'opstartfaze'. Rankingpunten wurde net ferjûn; der wurdt frij lotte en der wurdt keatst foar de eare, de priis, de krâns en klassemintspunten. Dat wol. Mar no komt it. Want dan skriuwt de KNKB: "Vanaf 1 augustus is het de bedoeling dat alle geplande wedstrijden verkaatst worden. Wanneer een vereniging zich daarvoor afmeldt, dan zal geprobeerd worden daar een andere vereniging voor te vinden om de partij te organiseren". Tsjong. Moai hear. Mar wat no as neist Minnertsgea ek Makkum, Ljouwert, Seisbierrum en Arum (allegearre haadklassepartijen foar 1 augustus) sizze: wy dogge it net. Wurde dy datums dan net opfolle troch oare ferieningen? Hiel dúdlik is it allegearre net.
No ja, we moatte mar sjen. Wat sille wy ús der ek drok om meitsje, as de KNKB it op dizze wize benaderet. Hoewol, noch wol efkes ien suggestje: Keatsferiening De Pompeblêden fan It Hearrenfean hie syn haadklassepartij tradisjoneel pland op freedtemiddei. Op 3 july om presys te wêzen. Pompebledsjes, jimme hawwe ûnderfining mei de organisaasje fan in keatspartij mei acht partoeren dy't middeis om healwei fjouweren begjint. Kinne jimme de datum fan Minnertsgea net oernimme? Hawwe wy dochs noch keatsen op dy dei. Ik rekkenje op jimme!
Undertusken hawwe wy mei belangstelling sjoen nei de fjouwer partoeren dy't snein aktyf wiene yn Ljouwert. En as ien ding dúdlik wurden is: it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra liket op 'e nij it te kloppen partoer te wurden. Sy makken in frisse, 'gretige' yndruk en sy hawwe nettsjinsteande de ûnwisse situaasje kondisjoneel behoarlik yn de slach west. Sy keatsten snein de finale tsjin Menno van Zwieten, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. En ek dat partoer liet sjen dat sy der wol sin oan hawwe.
Menno is as ferfanger fan Marten Bergsma nij yn it partoer. De opslagger fan It Hearrenfean hat absolút bysûndere kwaliteiten, mar wie snein de ritige kant it neist. Hans Wassenaar is nei alle gedachten de iennige keatser dy't net safolle problemen hie mei it útstel fan it keatsseizoen. Yn febrewaris is hy operearre oan it ankel en dêr stiet dan al rap acht wiken hersteltiid foar. It hie foar Hans dus klauwen west om it begjin fan it seizoen te heljen. Dat hellet hy no wol. Hy is fit en makket in montere yndruk. Sy moatte no sjen litte dat sy mear lykwicht bringe kin yn de striid mei de oranje brigade fan Van der Bos c.s.
In lakse reaksje rjochting organisaasje soarge derfoar dat de formaasje fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra net mei die op Sonnenborgh snein. Spitich, want ik bin hiel benijd nei dit partoer. Potinsje genôch. Kriich genôch. Talint genôch. Mar binne se wol klear foar it seizoen? Dat is de fraach. Hendrik Kootstra wie der snein wol, as ferfanger fan de fakânsjefierende Pieter Jan Plat. Kootstra fertelde dat hy eins amper traind hat. En as dat mei syn maten ek it gefal is, dan krije sy de rekken presintearre. Boppedat hat de rjochterhân fan Kootstra in wat ûngelokkige moeting hân mei in kettingseage dizze winter. Dat is noch al oankaam. Mar hy hat der gjin lêst fan sa hat hy my ferteld. Ik hoopje it mar, want dit partoer soe eins oanslute moatte by dy oare twa toppartoeren. Dat jout kompetysje en kompetysje is fan essinsjeel belang by wedstriidsport.
Bauke Triemstra is Drent en Kootstra dus kwytrekke en sil it no dwaan mei twa oare Biltske klaaikluten, Sjoerd de Jong en Pieter Jan Plat. Sy sille it dreech krije om struktureel mei te dwaan om de prizen, mar binne wol yn steat om sa no en dan ris foar in stunt te soargjen. Datselde jildt foar de ek al nije formaasje Enno Kingma, Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. Talintfol, mar oft it genôch is om alle wiken mei te dwaan om de prizen? Ik moat it noch sjen, mar ik lit my graach oertsjûgje, want it is wol in moai partoerke.
En dan is it de fraach hoe't de jonge talinten it dwaan sille dit jier. Auke Boomstra, Gabe Jan van Popta en Laas Pieter van Straaten foarmje in partoer. In moai partoer. Jong en dryst (mei ik hoopje). Lit jimme sjen jonges. Jimme foarmje de nije generaasje. Jildt ek foar Pieter Jan Leijenaar, Stefan van der Meer en noch in pear oaren. Omlopen draaie op de earste klasse is net ferkeard. En dan sa no en dan ris op it heechste nivo de krêften mjitte. Jong en wyld, mar Aken en Keulen binne ek net op ien dei boud jonges. Nim de tiid, mar lit jimme sjen.
Ik haw der wol wer sin oan. Keatse bliksem.