"Dat gezeik in Den Haag is iedereen strontzat!"

De boeren dy't de sneldiken by It Hearrenfean blokkearje, wolle oan it kabinet sjen litte dat der "niet te sollen valt" mei de boeren en de boargers. Dat seit Mick Tinga. Hy is boer, en wurdt sjoen as ien fan de aksjelieders. "Iedereen is het strontzat", ropt er.
Tinga is lilk.
Mick Tinga
Tinga fynt dat premier Rutte en lânbouminister Schouten mar ris komme moatte te sjen, as de boeren demonstreare. "Ik nodig ze uit bij mij op de trekker. Dan kunnen ze zien hoeveel sympathie we hebben."