Sneldiken by It Hearrenfean oerenlang ticht troch blokkade fan boeren

Foar de twadde dei op rige binne Fryske boeren mei trekkers de dyk op gien, om te protestearjen tsjin it kabinet. Se blokkearren de sneldiken yn de buert fan It Hearrenfean. It ferkear stie dêr stil oant let yn de jûn.
De boeren binne lilk, omdat it kabinet it fretten ferbiede wol dat de kij no krije, omdat it soarget foar tefolle útstjit fan stikstof.
Ter hichte fan It Hearrenfean stie it ferkear op de A32 stil yn beide rjochtingen. Ferkear op de A7 stie ek fêst. Om alve oere hinne binne de boeren ôfsetten nei in distribúsjesintrum fan in supermerk op It Hearrenfean.
By Thialf kamen de boeren by mekoar.
Boeren by Thialf
Guon aksjefierders wiene ferklaaid as swarte pyt. It is net dúdlik wêrom. Trije jier lyn blokkearren aksjefierders de A7, omdat se in demonstraasje tsjin de kleur fan swarte pyt ferhinderje woenen. De blokkearders binne dêrfoar feroardiele.