"Het is mooi en spannend", mar net alle tsjerken binne wer iepen foar it publyk

05 jul 2020 - 18:29

Net alle tsjerken dogge de doarren alwer iepen foar it publyk, ek al mei it no wol wer. Guon fine it noch te betiid, of se wolle har mear rjochtsje op de onlinetsjinsten.

De Heilige Clara van Assisitsjerke yn Drachten wie dit wykein foar it earst wer iepen.

De Heilige Clara van Assisitsjerke is ien fan de tsjerken dy't wer iepen is. Der kinne no sa'n 70 minsken yn. Wim Venema fan de tsjerke is dêr tige wiis mei.

"Het is mooi en spannend. Mooi omdat we elkaar weer kunnen ontmoeten, en spannend want je hebt toch regels gekregen om je aan te houden. Zo'n eerste keer moeten we toch even kijken hoe het loopt", seit Venema.

Minsken moasten har fantefoarren oanmelde, en der wie gjin kofje nei de tiid. Dochs binne de tsjerkegongers der bliid mei dat se wer komme meie.

"Je wilt elkaar zien en je wilt elkaar spreken, dat is heel belangrijk voor zo'n gemeenschap", seit ien fan de besikers. By de tsjinst mei der net songen wurden. "It wie oars as oars. Dat sjongen misse je dochs wol hear, maar it kin net oars", seit in oare besiker.

Ien fan de grutste tsjerken fan it lân bliuwt ticht

Ien fan de tsjerken dy't dit wykein noch net iepen wie, is de Betheltsjerke yn Drachten. De ôfrûne moannen hat de tsjerkemienskip him benammen rjochte op de online tsjinsten. It is de bedoeling om dat troch te setten, seit Roeland Harten fan de tsjerke.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferslachjouwer Jantine Stoffers wie yn Drachten by de Betheltsjerke en de Clara van Assisitsjerke

"We hebben er heel bewust wel voor gekozen ons te richten op een goed onlineprogramma," seit Harten , "en we zorgen ervoor dat zoveel mogelijk mensen bediend worden in het volgen van de kerk."

De Betheltsjerke is ien fan de grutste tsjerken fan it lân en mei de maatregels kinne der sa'n 400 minsken yn. Harten fynt it belangryk dat de minsken dy't thús sitte, ek in moaie tsjinst hawwe. "Het merendeel van de leden kijkt thuis", seit er. Hy ferwachtet dat de tsjerke oer twa wike ek wer iepen is foar publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)