Boeren wolle wer mei trekkers de dyk op nei kat-en-mûsspul mei plysje

Fryske boeren sizze dat se opnij mei de trekker de dyk op wolle. Se wolle oan it begjin fan de jûn by mekoar komme op in parkearplak by It Hearrenfean.
Yn de nacht fan sneon op snein wiene der ek al aksjes fan tsientallen boeren yn Fryslân.
Boeren yn de nacht
De boeren binne lilk, omdat it kabinet it fretten ferbiede wol, dat de kij no krije, omdat it soarget foar tefolle útstjit fan stikstof.
In tsjûge omskriuwt de aksjes yn de nacht fan sneon op snein as in kat-en-mûsspul mei de plysje. De boeren ha oerenlang rûntsjes riden op it yndustryterrein fan It Hearrenfean, en se ha sa'n fiif kear it distribúsjesintrum fan in supermerk blokkearre.
By Tsjalbert besochten se in pear kear de A7 op te riden. De plysje koe dat foarkomme. Plysjes hiene ek de tarit nei de A32 ôfsetten.
Oeren letter riden de trekkers mei tsientallen auto's der achter binnentroch nei Drachten. Mei buskes fan de ME hie de plysje alle taritten fan de A7 blokkearre.
Yn Drachten waard de groep lytser. Om trije oere nachts hinne kaam der in ein oan de aksje.