Nije fearboat twa dagen nei earste tocht út de feart om technysk probleem

Twa dagen nei de earste tocht is de nije fearboat fan Doeksen út de feart helle. Der is sprake fan in technysk probleem.
© ProNews
Der soe in steuring west ha yn it bestjoeringssysteem, doe't it skip sneintemoarn oanlizze soe yn Harns.
It skip Willem Barentsz fart snein net mear, en de ôffearten fan moandeitemoarn komme ek te ferfallen. Dat meldt de rederij. Passazjiers dy't in oertocht boekt hiene, wurde mei in oar skip ferfierd. De rederij hat ekstra personiel ynset om dat mooglik te meitsjen.
It is op dit stuit net dúdlik wat der krekt stikken is, en hoe lang oft it duorret foardat it wer makke is.