PietCast #24 "We ha it allegearre oer de drûchte, mar it is oan de wiete kant"

05 jul 2020 - 11:54

Fakânsje yn eigen lân fanwege de coronakrisis. Mar hoe komt it mei it waar? It is tiid om Piet Paulusma wer ris efkes op te sykjen foar de PietCast. Wim Brons praat yn dizze 24e edysje fan de podcast mei Piet ûnder oare oer it betoneffekt en it waar en corona.

PietCast #24

Piet Paulusma: "We tinke allegearre dat it sa drûch is. Fan mids maart oant en mei maaie hiene wy wol in rekordrûge perioade. Dat hat benammen te krijen mei de opwaarming en der is yn de moannen ek te min wetter fallen. Oer de ôfrûne trije moannen is der 100 ml te min wetter fallen. Mar yn jannewaris en febrewaris hiene we fierstefolle rein. Ast alles byninoar optelst, is it dit jier noch wol oan 'e wiete kant.

Betoneffekt

Wat mear bebouwing wat langer oft de waarmte hingjen bliuwt. Dat is it gefal yn stêden. De waarmte lûkt yn de stiennen. Ik neam dat it betoneffekt. It fenomeen stiet ek wol bekend as it beboudekomeffekt.

Simmer komt mids july werom

It waar is no wat minder, mar in ynsinking duorrret faak mar in pear wiken. Yn it twadde part july komt de simmer werom. Wy binne bedoarn wat temperatueren oanbelanget. Wy tinke dat 25 oant 30 graden gewoan is, mar dat is it net. Normaal is 21, 22 of 23 graden yn dizze tiid fan it jier.

Fakânsjewaar yn Fryslân

It waar is hjir prima, It is minder hjit as yn it suden fan Nederlân. Dêr hiene se in hjitteweach, wy hiene in waarmteweach. Wy krije goed fakânsjewaar Mar jo kinne net trije moannen lang inkeld mar moai waar hawwe.

It wurdt in prima simmer mei utersten: hjitte en simmerstoarmen mei swiere buien, al hawwe wy dy hjir yn Fryslân oant no ta noch net hân. Mar it sil wol komme. Fryslân sil syn part noch wol krije.

Mar oan de oare kant: it hoecht net altyd sa te wêzen dat op waarmte swiere buien mei oerstreamings folgje. Sjoch mar nei it jier 2018. Doe hiene wy in rekôrdrûge simmer mei hjitte en net folle reinwetter.

Opwaarming ek natuerlik proses

Sûnt de iistiid is de ierde oan it opwaarmjen. It is in natuerlik proses. Wy minsken fersterkje dat opwaarmingsproses. Ektremer waar heart by dat proses mei hagelstiennen fan wol 3 sintimeter.

Corona en it waar

De waarmte hâldt de corona net tsjin. Sjoch mar nei lannen as Brazilië of de súdlike steaten fan Amearika. Dêr is it waarm en it coronafirus ferspriedt him dêr dochs op grutte skaal. Foar in part komt dat troch de fochtige lucht.

Sinneskyn, uv-strieling en wyn hawwe in positive ynfloed op tebekrinnen fan de fersprieding fan it coronafirus. Corona sit ûnder oare yn drippeltsjes en dy ferdampe earder mei sinneskyn of se ferwaaie yn de wyn. Mar, ik bin gjin firolooch, dus it is allegearre ôfwachtsjen hoe't it fierder giet."

Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de coronakrisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedrukwaarpraat yn dizze nije ôflevering fan de PietCast, in soad wille by it belústerjen derfan!

Harkje hjirûnder nei de podcast:

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)