Boere-aksjes gean troch: "It is no derop of derûnder, oars komt it net goed"

05 jul 2020 - 10:03

De boere-aksjes gean noch wol efkes troch. Dat is de ferwachting fan aksjeboer Mick Tinga fan Balk en fan Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force. Dy boerebelangeklup koördinearret de aksjes net en is ek net by blokkades oanwêzich, mar stiet wol achter it doel fan de aksjes.

Foto: CAMJO Media

Hûnderten boeren wiene de ôfrûne nacht rûnom yn Nederlân op 'en paad om aksje te fieren tsjin de plannen fan minister Schouten fan Lânbou. Boer Mick Tinga fan Balk tinkt dat der in stuit wol mei 300 man wiene. Neffens him hawwe der gjin problemen west mei de plysje. Se wiene freonlik en hiene begryp foar de boeren, neffens Tinga.

De aksjefierende boeren binne om trije oere wer nei hûs ta gien. Snein gean se wer fierder. Tinga wol net sizze wêr't de aksjes krekt plakfine sille.

As de minister docht wat sy wol, dan dogge de boeren dat no ek.

Sieta van Keimpema, Farmers Defence Force

De aksjes wurde net koördinearre troch Farmers Defence Force. It bestjoer stiet wol achter it doel fan de aksjes. De foermaatregel is min en de minister hat nea by it oerlis sitten, al seit se sels fan wol, seit Van Keimpema. "As de minister docht wat sy wol, dan tinke de boeren no: wy dogge no ek efkes lekker wat wy sels wolle."

Hegere stjerte feroarsaakje en dan ek noch in boete oplizze

"De minister giet mei fakânsje en lit ús mei de rotsoai sitte. Wy hawwe de deade keallen en deade kij (omdat krachtfoer oan bannen lein is om de stikstofútstjit te ferminderjen, red.). Boeren dy't te folle dea fee hawwe, krije in boete. Dat is earder al ynfierd. Dus de hegere stjerte feroarsaakje en dan dêr ek noch in boete foar oplizze."

Gjin kompensaasje

De aksjes gean noch wol efkes troch, ferwachtet Van Keimpema. "De boeren hawwe harren nocht hoe't de Nederlânske steat mei harren omgiet. Elke boer hat rjochten en hat dêrfoar betelle. Fabriken kinne gewoan trochgean mei stikstof útstjitten. De loftfeart ek. Sterker noch: de KLM kriget ek noch jild ta fan it Ryk. Foar de boer is der gjin inkelde kompensaasje."

It is derop of derûnder, oars komt it op de kop ferkeard.

Sieta fan Keimpema, Farmers Defence Force

Mooglik komme snein de diken ticht te sitten yn it Noarden. Wat der krekt barre sil, wit Van Keimpema net. Mar de aksjes binne fan it heechste belang: "It is derop of derûnder, tinke de boeren. Oars komt it op de kop ferkeard."

(Advertinsje)
(Advertinsje)