Plysjeblokkades by Tsjalbert; boeren gean de hiele nacht troch mei aksjefieren

04 jul 2020 - 23:57

De aksje fan de boeren kin noch wol de hiele nacht duorje. En miskien snein ek noch wol. Dat seit Mick Tinga. Hy is ien fan de boeren dy't akjsefiert.

De boeren stiene yn de nacht fan sneon op snein mei tsientallen trekkers by it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean. "Deze bezetting kan nog wel even doorgaan," sei Tinga dêr, "maar daarna gaan we verder naar het volgende punt. Het is zaterdagavond, normaal zitten we tot vier uur in de kroeg."

De aksjes binne noch net foarby, seit Tinga. "We zijn woest. We gaan door totdat Den Haag breekt, en opstapt. De regels van het stikstof en het voer moeten van tafel. Of ze moeten het plan van het landbouwcollectief aannemen. Er moeten eerlijke regels komen."

Boeren soene ek ûnderweis west hawwe nei in molkfabryk by Tsjalbert. De plysje hat dêr in rotonde blokkearre, om foar te kommen dat de boeren it fabryk berikke koene. In plysjewurdfierder koe de ynset fan de ME net befêstigje, mar sei earder op de jûn dat dy ienheid altyd achter de hân is, foar it gefal dat ynset nedich wêze soe.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
boeren Tsjalbert boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)