FIDEO: Aksjeboeren soargje foar oerlêst op A7 en A32

04 jul 2020 - 22:17

In groep fan boeren út Grinslân is mei de trekker op de A7 ûnderweis nei Fryslân. It is net dúdlik wat se krekt fan doel binne. Tusken Boerakker en Drachten komme der hieltyd mear trekkers by.

By Thialf op it Hearrenfean kamen ek tsientallen boeren by mekoar.

Der binne ek auto's dy't mei de alarmljochten oan tusken de trekkers ride. De plysje is der ek by. In wurdfierder lit witte dat de plysje alert is, en de sitewaasje skerp yn de gaten hâldt. De aksje soarget foar oerlêst foar it ferkear op de A7, en der rydt ek in groep trekkers op de A32.

Yn Drinte ha de boeren in sneldyk blokkearre, by Hoogeveen.

Earder op de dei waard dúdlik dat de boeren aksje fiere wolle. Boeren út Fryslân, Grinslân en Drinte sizze dat se ûnôfhinklik wurde wolle fan Den Haach. In wurdfierder fan de aksjefierders woe net sizze wat de plannen krekt binne. "Dat houd ik voor me, ik wil het achterste van mijn tong nog niet laten zien."

Yn in appgroep op sosjale media stiet ek dat de aksje lang duorje kin. "Dit is géén actie voor een uur, maar voor misschien wel meerdere dagen. Neem slaapspullen mee."

(advertinsje)
(advertinsje)