Boereprotesten hâlde oan: Wêrom binne de boeren sa lilk?

05 jul 2020 - 19:05

Feefoer. Dat is it koarte antwurd op de fraach: Wêrom binne de boeren lilk? De minister fan Lânbou wol it fretten ferbiede dat de kij no krije, omdat it soarget foar tefolle útstjit fan stikstof.

Foto: ProNews

Lang net alle boeren stean achter de aksjes fan no, seit ferslachjouwer Gerrit de Boer. Hy is lânbouspesjalist, en folget de boereprotesten foar Omrop Fryslân. Ferline jier wiene der soms hûnderten of sels tûzenen boeren dy't de dyk op giene. No is it faak net mear as in hantsjefol.

"Der binne no minder boeren dy't de dyk op wolle", seit De Boer. "Dat massale, dat sjogge je net mear, behalve as der in hiel drastyske maatregel komt."

"It is net ien groep mei ien stim", seit De Boer. "Guon boeren gripe fuort nei it aksjewapen. De Farmers Defence Force, ûnder oare. Oaren sizze wol dat der fan alles oan it lanlik belied mankearret, mar se fiere dêr gjin aksje foar. En der is ek in groep dy't wol bydraaie wol. Dy't in oare foarm fan lânbou foarstiet, mei minder krachtfoer, en minder útstjit fan ammoniak."

Aksjes

Boeren hawwe sneontejûn oankundige dat se aksjefiere wolle, om ûnôfhinklik te wurden fan Den Haag. Earder op de dei stiene in pear boeren yn Harns, omdat se de fakânsje fan minister Schouten fersteure woene. En wer in dei earder wiene der boeren dy't oanjefte tsjin de minister diene, fanwege de maatregel dy't it fuorjen fan soaja- en raapskroat ferbiedt.

"As dizze stoffen yn ien kear fuortfalle, kinne de kij dy't it nedich hawwe, net byfuorre wurde", seit ferslachjouwer Gerrit de Boer. "Se soene siik wurde kinne of deagean."

"Der binne wol alternativen, mar dêr sit minder aaiwyt yn", seit De Boer. "Dêr moatte de kij folle mear fan hawwe. Dan wurde se dik."

"Kij binne krekt topsporters"

De boeren wolle sels de kontrôle hâlde oer it fretten, seit De Boer. Dat komt ek trochdat de kij in protte molke produsearje moatte. "Dat freget it bestean fan in topsporter."

"As in ko drachtich is, hat er faak ekstra frette nedich. Om sels sûn te bliuwen, om it keal sûn te hâlden en ek om de molke op peil te hâlden."

De kommende jierren kin de produksje fan molke miskien wol wat omleech, seit De Boer, en dan kinne de kij ek mei minder krachtfoer ta, mar boeren wolle it net yn ien kear kwytreitsje. "Ofbouwe is prima, mar net op dizze manier, sizze de boeren. Dêrom binne se sa lilk."

(advertinsje)
(advertinsje)