Tsientallen boeren yn aksje om 'ûnôfhinklik' te wurden fan Den Haag: "Neem slaapspullen mee"

04 jul 2020 - 23:23

Rûnom yn de provinsje binne boeren dwaande mei nije aksjes. Neffens in wurdfierder fan de aksjegroep Farmers Defence Force giet it om sa'n fyftich oant hûndert boeren, en kinne de aksjes meardere dagen duorje.

Boeren op It Hearrenfean - Foto: ProNews

In groep boeren wie byinoar kaam by it iisstadion Thialf op It Hearrenfean. It soe gean om goed 25 trekkers en sa'n 50 oant 100 auto's. Yntusken binne se wer ôfset mei ûnbekende bestimming. Op de A32 by Hearrenfean binne meardere trekkers sjoen.

De aksjegroep wol net sizze wat de plannen binne. "Dat houd ik voor me, ik wil het achterste van mijn tong nog niet laten zien."

Op sosjale media waarden boeren oproppen om byinoar te kommen, op meardere plakken yn Fryslân.

Plysjes der by

De plysje hat tusken Wommels en Boalsert trije trekkers fan de dyk helle. Se rieden op de N359. Dat is in autodyk. Trekkers meie dêr net op ride. In tsjûge meldt dat plysjes de boeren in warskôging jûn hawwe.

De boeren wiene ûnderweis nei Boalsert. Dêrwei soene se mei oare boeren nei It Hearrenfean ride wolle. Dêr soene ek boeren út oare parten fan de provinsje komme.

By in hamburgerrestaurant op De Jouwer stiene ek in pear trekkers op it parkearplak. Neidat de plysje dêrby west hie, binne de boeren wer ôfset.

Unôfhinklik

In wurdfierder fan Farmers Defence Force meldt dat de boeren Fryslân, Grinslân en Drinte ûnôfhinklik meitsje wolle fan Den Haag. Hoe't se dat dwaan wolle, bliuwt ûndúdlik. "We zijn ons nu aan het verzamelen. Als de groep groot genoeg is, kan de actie meerdere dagen duren."

Yn in appgroep op sosjale media stiet ek dat de aksje lang duorje kin. "Dit is géén actie voor een uur, maar voor misschien wel meerdere dagen. Neem slaapspullen mee."

(Advertinsje)
(Advertinsje)