Oarlochskeunst fan Dútsk-Joadske frou lang om let te sjen yn museum Belvédère

04 jul 2020 - 17:53

In pear moannen letter as de bedoeling wie, lit it Belvédère no dochs de útstalling sjen, dy't organisearre wie yn it ramt fan 75 jier frijheid. Yn de útstalling is wurk te sjen fan trije keunstners. Ien dêrfan is Edith Auerbach.

Auerbach is in Dútsk-Joadske keunstner. Sjoernaliste Pauline Broekema hat in boek oer har skreaun. Foar de oarloch festige Auerbach har allinnich yn Parys en dit fasinearre Broekema.

"Ze woonde in een hotel met allemaal beroemdheden en mannen om zich heen en gaat dan tekenen. Ik vind het bijzonder dat een vrouw in deze tijd hier toe in staat was."

Djippe groeden

Dan komt de oarloch, en Auerbach komt yn in kamp telâne. Se oerlibbet it, mar it lit djippe groeden efter. Har libben is goed werom te sjen yn har wurk.

"De zachte tekeningen zijn van voor de oorlog. Na de oorlog veranderde dat. Er was volgens haar geen tijd meer om kunst te maken, maar alleen maar om te herdenken. Toen maakte ze indrukwekkende schilderijen."

(advertinsje)
(advertinsje)