Boargemaster net bliid mei aksje: "Minister mag ook wel eens op vakantie"

In groep boeren wie sneontemiddei yn Harns, om foar te kommen dat lânbouminister Carola Schouten ôfreizgje koe nei Skylge. Boargemaster Roel Sluiter hie dêr gjin goed wurd foar oer. "Wat je ook tegen het beleid van de minister hebt, ze mag wel eens op vakantie. Want het is bar werk, minister zijn."
© Ben de Jager, Omrop Fryslân
Jantine Weidenaar praat mei ferslachjouwers Gerrit de Boer en Ben de Jager oer de boeren yn Harns
Yn Harns is de minister net sjoen. Neffens de boargemaster wie se der ek net. "Of het sowieso een misverstand was, of dat ze zich heeft laten afschrikken door deze actie, dat weet ik niet."
De boeren sizze dat se der wis fan binne dat de minister nei Skylge gean soe. Dat soene se heard ha fan 'in betroubere boarne'. In wurdfierder fan de minister ûntkent neat, mar wegeret alle kommentaar, "omdat het een privé-zaak betreft. Daar ga ik niets over zeggen."

'Een beetje mislukt'

"Als de minster hier niet is, dan is de actie wel een beetje mislukt", seit boargemaster Sluiter. Hy begrypt wol dat har belied wjerstân opropt, seit er, mar dizze aksje giet him eins te fier. "De minister mag zich ook wel eens even ontspannen. Als je dan achtervolgd wordt, vind ik dat niet zo'n fijne actie."
Sluiter makket him drok oer de gefolgen dy't de aksje hat foar it publyk. "Andere mensen willen ook op vakantie. Die willen straks de boot op. Dan moeten er geen trekkers in de weg staan."

Fiif trekkers

De trekkers ha even op de dyk stien, mar doe't de plysje kaam, stiene se gau oan de kant. It wie bepaald gjin massale demonstraasje. Der wiene sa'n fiif trekkers by belutsen. By eardere aksjes wiene dat der hûnderten, of soms tûzenen.
"We hiene hope dat it der wat mear wêze soene", seit ien fan de aksjefierders. Se seit dat boeren it idee ha dat it aksjefieren neat úthellet. "Sa moatte je net tinke. We moatte no trochpakke."
Boeren swaaie Carola Schouten út