Man (22) rydt midden yn de nacht mei sân silinders gniisgas yn de auto

Plysjes ha in man út Ljouwert oanholden dy't sân silinders gniisgas yn de auto hie. Se kamen de man tsjin by in kontrôle, yn de omkriten fan Stiens. Dat wie krekt foar fjouwer oere nachts.
In kontrôle fan de plysje © ANP
Neffens de plysje is it net ferbean om gniisgas te ferfieren, salang't it mar om minder as twa kilo giet, en de gasfles moat ticht wêze. As der mear as twa kilo ferfierd wurdt, sjocht de plysje dat as bedriuwsmjittich ferfier. Dan is it bûn oan de foarskriften foar it ferfier fan gefaarlike stoffen.
Yn dit gefal hie de bestjoerder (22) de dokuminten net by him, dyt foarskreaun wurde, en dêrom sjocht de plysje dat as in ekonomysk delikt. In Offisier fan Justysje moat de straf bepale. De man is as fertochte heard. Dat meldt de plysje.