Fargeul It Amelân wurdt definityf net ferkoarte, Wagenborg is net bliid

Ferfiersbedriuw Wagenborg is net bliid dat de fargeul tusken Holwert en It Amelân net ferkoarte wurdt. De oanpassing fan it trajekt soe tefolle ynfloed op de natuer hawwe, sa waard freed bekend. Neffens Wagenborg hat it ferkoartsjen fan de fargeul wol in posityf effekt op it miljeu.
De fearboat en wettertaksy nei It Amelân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dat it beslút no definityf is, hie direkteur Ger van Langen fan Wagenborg net ferwachte. Hy hie de yndruk dat der noch petearen dwaande wiene.
Neffens Rykswettersteat hat in stik ôfsnije yn de fargeul te folle ynfloed op de natuer. Mar Van Langen hat tsjinarguminten: troch de reistiidferkoarting is der ek minder CO2-útstjit en minder ûnderhâld oan de fargeul nedich, want dy is ommers koarter.
Wagenborg is net belutsen by de ynhâldlike kant fan de fergunningoanfraach wat de fargeul oanbelanget. Dat is Rykswettersteat. Wagenborg giet inkeld oer de operasjonele kant, dat wolle sizze: de berikberens en de passazjiers en auto's op 'e tiid oersette.
Oer de langetermynfyzjes hat de boatferfieder ek neat te sizzen. Dy wurde fêststeld troch de provinsje, it Ryk en de eilanner gemeenten. Wy moatte it dwaan mei de omstannichheden sa't se binne, seit Van Langen. De kapiteins fan de oerfarders sitte alle dagen op it Waad en dy witte hoe't it dêr is.
Direkteur Ger van Langen fan Wagenborg