Omrop TIP: De berchrede fan it flakke lân, part 3

'De berchrede fan it flakke lân' is in searje fan Fryslân DOK oer de takomst nei de coronakrisis. Minsken út de wittenskiplike, kulturele en politike wrâld wurdt frege in essay te skriuwen. Bart Kingma giet mei harren yn petear, foar de kamera's fan Albert Jensma en Jan Bensliman.
Stadichoan krûpt it lân út de lockdown. Jout it 'nije normaal' ek nije kânsen? Yn in ferfolch op 'De berchrede fan it flakke lân' presintearret Fryslân DOK nije essays oer de takomst. Yn ôflevering 3, útstjoerd op sneon 4 july by NPO2 en op snein 5 july by Omrop Fryslân, is it wurd oan sjongeres Nynke Laverman en yngenieur Govert Geldof.
Nynke Laverman © Omrop Fryslan
Nynke Laverman wurket oan har nije foarstelling 'Plant'. In ferhaal oer in frou dy't beslút har persoanlikheid yn te ruiljen foar it bestean fan in plant, om sa in útgong te finen út it fort fan beton en materialisme. De coronakrisis twingt de poadiumkeunstneres ta oare foarmen fan teater.

Harkje nei de podcast mei Nynke Laverman:

Neist de dokumintêres op telefyzje bringt Fryslan DOK de bydragen oan 'de Berchrede' ek út as podcast. Alle gesprekken dy't Bart Kingma makket mei de skriuwers, binne te finen yn de podcastsearje: 'Ferhalen fan it flakke lan'. It tydskrift de Moanne publisearret de essays online.
Govert Geldof (l) en Bart Kingma © Omrop Fryslan
Govert Geldof ferdjippet him al jierren yn it tema 'kompleksiteit'. Neffens him is de maatskippij te kompleks om der fet op te krijen. Bestjoerders soene dan ek net besykje moatte om grutte, oerkoepeljende plannen te betinken, mar fertrouwe moatte op it fakmanskip fan de minsken yn de praktyk.

Harkje nei de podcast mei Govert Geldof:

Fryslân DOK: 'De berchrede fan it flakke lân 3 - Nynke Laverman en Govert Geldof'
Sneon 4 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 5 july 13.10 oere)
Snein 5 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)