Grutte wettersteuring Súdwesthoeke foarby

04 jul 2020 - 10:24

Ynwenners fan Súdwest-Fryslân hawwe wer wetter. Nei in grutte steuring freedtejûn koe der sneontemoarn seis oere wer wetter troch de liedingen rinne. Wetterbedriuw Vitens wit noch net wat de oarsaak west hat fan de steuring.

Vitens yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Nei skatting 10.000 húshâldings hiene sûnt freedtejûn hielendal gjin wetter of minder wetterdruk. It giet om in gebiet tusken de Iselmarkust en Goaiïngaryp en tusken Kûbaard en Balk.

De breuk lei tusken Spannenburg en Boalsert. Vitens hat it wetter no omlaat, sadat elk wer wetter út de kraan krije kin. Fan moandei ôf wurdt ûndersocht hoe't it lek ûnstean koe, en folgje der ek reparaasjes.

Trefwurden: 
Vitens wettersteuring
(advertinsje)
(advertinsje)