Kollum: "De moaie, lytse dingen"

04 jul 2020 - 08:20

"Je soenen it as kollumnist graach folle faker oer de moaie dingen ha wolle. De lytse dingen. Mar de moaie lytse dingen ha amper nijswearde, dus wurdt der net folle oer skreaun.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong: "De moaie, lytse dingen"

Je soenen it bygelyks graach ha wolle oer it feestlik yngebrûknimmen fan de nije doarpsmûne fan Reduzum. Want wa gunt dat doarp no net syn eigen mûne? Mar de wierheid is dat de foarsitter fan de stichting doarpsmûne sa strontsiik is fan it jierrenlange trajekt, dat er der frustrearre mei ophâldt. En de mûne der grif net komme sil omdat er op it lêst samar twa ton djoerder is as earder begrutte en ôfpraten. Gjin leuk nijs, wylst it fansels wol sa wêze moatten hie.

Je soenen as kollumnist ek graach in beskriuwing jaan fan in fytstochtsje yn de maitiid, mei de loft fol sjongende greidefûgels. Dat soe de harkers en lêzers by de Omrop goed dwaan, in oade oan it oer-Fryske plattelân. Mar de wierheid is dat je it oer earrebarren, wite reagers, swarte krieën, stienmurden, foksen en tal fan oare opfretters ha moatte, dy't it riisdrûge griene Fryske biljertlekken sûkerskjin hâlde. Net folle posityfs oer te melden.

Je soenen it ek hiel graach ha wolle oer de goede gefolgen dy't de krisis op de mienskip hat. Mar it liket derop dat der inkeld mear polarisaasje ûntstiet. Je wurde net fleurich fan alle bylden fan plonderjende minsken, demonstraasjes en rellen.

Dochs ha ik dizze wike wat sjoen dêr't ik hiel bliid fan waard. En ik wol graach dat goede gefoel mei jim diele. It wie by de dokterspraktyk hjir yn it doarp. Njonken dy praktyk is in apoteek. Wy moasten foar in koart boadskip by de dokter wêze, ik bleau yn de auto sitten. Tefolle minsken yn de wachtkeamer past net by dizze tiid.

Goed, ik stie op it lêste parkearplakje. Mar it wie in kommen en gean fan auto's, de minsken hellen allegearre medisinen by de apoteek. Dan wurdt it skipperjen mei de parkearderij. In brutale BMW-rider sette syn auto gewoan op it readferbaarnde gers en stapte út, fansels mei de telefoan oan it ear. In âlder echtpear yn in Berlingo sochten om 'e nocht om in plakje, se binne trije kear oeral bydel west. Op it lêst slagge it om plak te finen omdat der in oarenien fuortgie.

It wie in fermaak om dat allegearre oan te sjen. Mar myn held fan de dei moast noch komme. In Japanske middenklasser fan in jier as tolve draaide it parkearplak op. In stel fan fier boppe de santich siet der yn. Man achter it stjoer, frou mei de tas op skoat. Se rieden oan de yngong fan de apoteek ta, de frou stapte út en ferdwûn troch de automatyske skodoar nei binnen.

De man hie even tiid foar himsels. Hy seach net dat ik him wol seach. Hy wie de saak oan it ferkennen. Hy berekkene wat stram yn it skouder de draai dêr't er aanst de auto mei fuortride soe.

Dêrnei wie it tiid om even hearlik mei de wiisfinger syn noas te leegjen en de opbringst mei ynmoed te besjen. Hy skeat it linich út it iepensteande raam nei bûten ta. Syn frou kaam út de apoteek en doe wie it tiid foar it hichtepunt fan de dei.

Komselden ha ik in âlde feteraan sa soepel in bochtsje nimmen sjoen as dizze held. Earmtakke ta út rútsje út, stjerrende wier. Hy hie it goed útrekkene, it koe yn ien kear. Minder as tsien sintimeter siet der tusken syn bumper en dy fan my. Doe't er my sitten seach, lake er breedút en ik stuts de tomme omheech as wurdearring foar syn super strakke aksje.

De stoere blik op syn gesicht makke myn dei goed. Wat in baas. It moaiste wie dat syn frou neat troch hie fan wat har man prestearre. Sy studearre yn har tas om, grif op syk nei de kaai fan de foardoar."

(advertinsje)
(advertinsje)