Grut ferlet fan twaddehâns auto's: "Minsken wolle net mear mei it ov"

Twaddehâns auto's binne hast net oan te slepen. In soad minsken wolle net mear mei it iepenbier ferfier reizgje en binne dêrom op syk nei in ocassion. Mar mei de grutte fraach nei dy auto's moate autodealers hurd wurkje om genôch oanbod biede te kinnen. Want 'nee' ferkeapje, dat kinne de autoferkeapers net.
Twaddehans autos
Op it bedriuwsterrein fan ABD op It Hearrenfean steane noch tsientallen auto's, mar sy ferkeapje op it stuit as waarme broadsjes. "Wy sjogge gewoan dat der in soad fraach is en dat in soad minsken net mear mei it iepenbier ferfier wolle", fertelt Gerry Okkema fan ABD. Ek binne der in soad minsken dy't yn stee fan ien auto graach twa hawwe wolle om't se ek net mei it iepenbier ferfier wolle. "Wy sjogge dat minsken mobyl bliuwe wolle. Auto's wurde no hiel snel ferkocht".

Middenklasse

Benammen nei elektryske auto's, private-lease en ocassions is in grutte fraach. "Hast alle auto's ferkeapje op it stuit goed, de hiele grutte auto's wat minder, mar dy oant de middenklasse ta wurde snel ferkocht", leit Okkema út.
Wy kinne se no wol it fel oer de earen lûke, mar de folgjende kear wolle je ek graach dat se by je yn de wurkpleats komme en in folgjende auto keapje.
Sjoerd Koopmans

Gruttere fraach, hegere priis?

Mei de grutte fraach nei twaddehâns auto's soene je tinke dat ek de priis omheech gean sil, mar dat is neffens Sjoerd Koopmans fan ABD net it gefal. "We kinne garandearje dat wy dat net dogge. We hawwe te krijen mei koerslisten, we hawwe te krijen mei konkurrinsje, mar we hawwe benammen te krijen mei in relaasje. We hawwe in relaasje mei de klant. Dan kinne wy se no wol it fel oer de earen lûke, mar de folgjende kear wolle je ek graach dat se by je yn de wurkpleats komme en in folgjende auto keapje. Dus ja, dan sille wy wat ynleverje moatte."
© Omrop Fryslân
It autolânskip is bot feroare yn it ôfrûne healjier. Sa jout de oerheid subsydzjes fan 2.000 euro op in brûkte elektryske auto en 4.000 euro op in nije elektryske auto. "Der fynt echt in feroaring plak. Hiene eartiids allinnich noch bensine en diesel, hawwe wy no, en dêr moatte we bliid mei wêze, hybrides. En ek LPG is populêr op it momint. "We hawwe no in hiele oare merk. Private-lease net te ferjitten. Der binne hieltyd mear minsken dy't witte wolle wêr't se oan ta binne".
De grutte fraach soarget der ek foar dat de dealers hieltyd minder yn de ferkeap hawwe. Der komt in tekoart oan auto's foar de ferkeapers. "It liket no noch goed, mar wy sykje wol minsken dêr't wy de auto fan opkeapje kinne. Wy kinne gjin 'nee' ferkeapje".
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op syk nei in twaddehâns auto