10.000 húshâldens sitte sûnder wetter yn Súdwesthoeke fan de provinsje

03 jul 2020 - 22:16

In grut part fan de Súdwesthoeke fan ús provinsje is freedtejûn troffen troch in wettersteuring, der sitte nei skatting 10.000 hushâldens sûnder wetter. Der komt yn it gebiet tusken de Iselmarkust en Goaiïngaryp en tusken Kûbaard en Balk gjin of hast gjin wetter út de kraan.

Spandoek Vitens Ljouwert - Foto: of

Wurdfierder Cornelis Vlot fan Vitens: "Er is sprake van een leidingbreuk tussen Spannenburg en Bolsward, de precieze locatie van de lekkage is inmiddels opgespoord. Er blijken in ieder geval na een eerste schatting zo'n 10.000 huishoudens zonder water te zitten. Tot hoe laat de waterstoring precies duurt, is nog niet bekend."

De monteurs fan Vitens probearje de oerlêst fan de wetterliedingbreuk sa beheind mooglik te meitsjen, mei help fan spesjale ôfsluters. "Hoe groot het gebied is wat last blijft houden van de storing nadat de afsluiters zijn ingesteld, durf ik op dit moment nog niet te zeggen", sa seit Vlot.

(advertinsje)
(advertinsje)