Waadfûns jout miljoenen foar skjinnere skippen op it Waad

It Waadfûns stekt acht miljoen euro yn it projekt Green Shipping. Dat wol de skipfeart op de Waadsee yn tsien jier tiid foar in grut part duorsum meitsje. De CO2-útstjit moat yn dy tiid mei twa tredde part fermindere wurde.
Garnalekotter © Waddenfonds
Alle skippen yn de beropsfeart moatte yn 2030 op wetterstof farre, is de bedoeling. It projekt kostet mei-inoar 26 miljoen euro. It bedriuwslibben betellet dêr it grutste part sels fan. It projekt is ûnderdiel fan in grutter programma fan de trije Waadprovinsjes Fryslân, Grins en Noard-Hollân om grutte ynvestearringen yn it gebiet mooglik te meitsjen.
"Green Shipping is in meerdere opzichten belangrijk voor de Waddenzee. Met innovaties zorgen we ervoor dat een belangrijke sector als de scheepvaart klaar wordt gemaakt voor de toekomst. En nog belangrijker, het milieu van de kwetsbare Waddenzee is er zeer bij gebaat", seit foarsitter Henk Staghouwer fan it Waadfûns.