UPDATE: Boeren ride stadich mei trekkers troch sintrum It Hearrenfean

In lytse tweintich boeren mei ongefear itselfde oantal trekkers en in pear quads ha freedtejûn sa'n 2,5 oere troch it sintrum fan It Hearrenfean riden. Se sammelen har earder op it carpoolplak oan de Weinmakker op It Hearrenfean. Sy woene aksjefiere tsjin it minder aaiwytbelied fan minister fan Lânbou Carola Schouten.
© CAMJO Media
In oantal fan de boeren is oansletten by Farmers Defence Force. Se wiene fan doel mei de trekkers yn leech tempo oer de A32 te riden, mar krigen dêrfoar gjin tastimming fan de plysje. Dy wie mei twa bussen fan de mobile ienheid te plak en hold de situaasje yn de gaten. "Dan hadden jullie toestemming voor de protestactie aan moeten vragen bij de gemeente", sei ien fan de plysje.

Middeis ek al aksje

In oantal boeren hie freedtemiddei ek al aksjefierd en oanjefte dien tsjin minister Schouten.