FIDEO: Sjoch hjir nei it konsert fan it Noord Nederlands Orkest

De leden fan it Noord Nederlands Orkest hawwe der troch it coronafirus lang op wachtsje moatten, mar lang om let kin it selskip wer in konsert jaan. Under lieding fan gastdirigint Antony Hermus spilet it NNO yn SPOT/De Oosterpoort in seleksje fan klassike topstikken. Fan 20.15 oere ôf is it konsert hjir live te folgjen.
VIDEO: Kijk hier naar het concert van het Noord Nederlands Orkest
It orkest hat ferskate maatregels troffen om dit konsert mooglik te meitsjen. Sa spylje sy net mei 80 musisy, mar mei 53. De orkestleden sitte op syn minst 1,5 meter útinoar en der is plak foar in beheind tal fan 220 besikers.
As earste is it begjindiel út Dvoráks Nieuwe Wereld-Symfonie te hearren, in titel dy't goed by de situaasje fan hjoed-de-dei past. Fan Robert Schumann klinkt it spiritueel laden diel út de Tredde Symfony. Stikken fan Mozart en Johann Strauss bringe in fleurige noat. It NNO einiget mei de Finale út Beethovens Sânde Symfony, want 2020 is noch altyd it Beethovenjier.