Fryslân moat kultureel lân fan molke en huning wurde yn 2022

03 jul 2020 - 19:03

Arcadia, sa hjit it earste miny-kulturele haadstêdjier dat yn 2022 plakfine sil. Hûndert dagen lang, fan peaske oant en mei de simmer, sil der dan wer fan alles op it mêd fan keunst en kultuer te belibjen wêze yn Fryslân. It is de bedoeling dat it evenemint ien kear yn de trije jier hâlden wurdt.

Arcadia komt út de Grykske mytology, sa fertelt artistyk lieder Sjoerd Bootsma. It referearret oan in poëtysk en harmonieus paradys. "Het was volgens de Grieken het mythische land van melk en honing, van de eeuwige zonneschijn, het ultieme geluk. We hebben ons laten inspireren door een stukje uit het Fries volkslied 'it bêste lân fan d'ierde'. Het voelt vaak alsof we in het beste land ter aarde wonen."

Bootsma doelt dêrmei op de romte en de minsklike maat. "Maar je kunt er ook vraagtekens bij plaatsen", seit er. "Zijn we als mienskip wel zo open en hoe gaan we met ons landschap om?"

Gjin massale foarstellingen

Der is lang oer neitocht oft de opfolger fan Kulturele Haadstêd 2018 net ferskood wurde moast nei 2023 fanwege de coronakrisis. De organisaasje giet úteinlik dochs foar 2022. Bootsma: "Maar we houden er zeker rekening mee met de manier waarop we het opbouwen. Arcadia zal vooral veel exposities, installaties en beeldende kunst in de openbare ruimte hebben, in plaats van grote massale podiumkunstvoorstellingen waar mensen hutjemutje op elkaar zitten."

Nije direkteur

Organisatoarysk is der ek it ien en oar feroare. De legacy-organisaasje fan Kulturele Haadstêd falt net mear ûnder de provinsje en gemeente, mar is wer in selsstannige stichting. Der wurdt noch socht nei in algemien direkteur.

Foarsitter Sjoerd Galema fan de ried fan tafersjoch fertelt wat se krekt sykje: "We stribje kulturele diversiteit nei, dus it mei ien wêze dy't hielendal oars is as de hikke en teine Friezen. Mar it moat ek ien wêze dy't Fryslân goed kent en begrypt, dy't snapt dat it allinnich mar wurket ast partijen en minsken meinimst."

Sneon komt der in fakatuere foar de algemien direkteur yn de regionale en lanlike kranten.

Trefwurden: 
Sjoerd Bootsma LF2028 Arcadia
(advertinsje)
(advertinsje)