Earste Streekmerk fan Himmelum nei corona giet net troch: te min waar

Op de Flinkefarm yn Himmelum soe snein wer de earste Streekmerk hâlden wurde. It seizoen like yn it wetter te fallen troch it coronafirus, mar lang om let koe de Streekmerk dochs wer úteinsette. No smyt it waar lykwols roet yn it ten: troch de hurde wyn wurdt de merk ôfblaasd.
© It Flinkeboskje
Rixt Siersma fan de organisaasje fynt it tige spitich dat it net trochgean kin. "Sa'n beslút nim je net samar. Mar dit moatte je net wolle. De wyn lûkt no al wat oan, moarn hawwe wy it oer krêft 6. En snein fan in oere as alve ôf krêft 7-8. It guod kin wol stikken waaie."

Coronamaatregels

Sy hie der krekt wer sa'n nocht oan. "Wy wachtsje der lang op, der soene wol 31 dielnimmers meidwaan. It soe tiid wurde om harren produkten wer te ferkeapjen en te fertellen oer de passy dy't se hawwe. Mar it kin net. Feiligens giet foar alles. De gemeente Súdwest-Fryslân hat yn coronatiid wol mei besocht te tinken oer hoe't wy dit evenemint omdraaie kinne nei in merk. Lykas de wykmerk yn Snits. Al mei al dogge je der in soad muoite foar en as je dan los wolle, is der ynienen de wyn."

Ferskowe

De Streekmerk wie al oanpast, om oan de coronaregels te foldwaan. "It fermaak mocht net, dus bygelyks de live-muzyk hawwe wy der út helle. Ek wie alles mei de RIVM-regels opset, wy hawwe in rinrûte makke en it grut opset. En no moasten wy dochs beslute dat it net troch giet." Siersma hopet dat de merk ferpleatst wurde kin. "Wy wolle it no graach trochskowe nei 12 july. De minsken dy't wy belle hawwe, seine al dat sy takom wike wol kinne."
Rixt Siersma fan de organisaasje fan de Streekmerk