Cambuur hâldt kampioensploech yntakt: "We hebben iets nog niet afgemaakt"

03 jul 2020 - 17:15

De kar fan Robert Mühren foar SC Cambuur wie net ienfâldich: de spits twivele tusken de Ljouwerters en syn doarpsklup FC Volendam. Freed waard bekend dat de spits takom seizoen foar Cambuur kiest. Twa saken joegen de trochslach: "Ten eerste had ik het hier enorm naar m'n zin, maar ook omdat ik het gevoel heb dat we hier iets niet hebben afgemaakt."

Mühren trainde freed wer foar it earst mei:

Mühren doelt fansels op it ôfrûne seizoen, wêryn't de Ljouwerters nei in histoarysk goed seizoen net promovearren. De Volendammer waard topskoarer mei 26 goals yn 29 wedstriden. "Ik heb het hier enorm naar m'n zin gehad, met een goede groep en en goede staf."

Ferlossende telefoantsje

It wie lang ûnwis oft Cambuur takom seizoen wol wer oer Mühren beskikke koe. De Volendammer stiet noch ien jier ûnder kontrakt by de Belgyske klup Zulte Waregem, en dy woene Mühren yn earste ynstânsje net nochris ferhiere. Dizze wike kaam der beweging yn de saak. "Op een gegeven moment merk je dat Cambuur actie gaat ondernemen", fertelt Mühren. Dan hoop je dat het zo snel mogelijk gaat. Er moeten drie partijen tevreden worden gesteld, dat is lastig. Dinsdag was ik nog in de veronderstelling dat ik naar Zulte zou rijden, maar daarna kreeg ik het verlossende telefoontje. Dat was wel een mooi moment."

It folsleine ynterview mei Robert Mühren:

Mühren hat noch wol mei Volendam praat, want dat hat dochs in spesjaal plak by Mühren. "Volendam is m'n dorp, ik heb wel een paar weken heel goed nagedacht. Het was even moeiilijk, maar het gevoel heeft de doorslag gegeven. Ik heb wel met Wim Jonk (haadtrainer Volendam, red.) gebeld en uitgelegd hoe ik erin sta. Gelukkig hadden ze daar alle begrip voor, daar was ik blij mee. Toen kon ik rustig met Cambuur praten en een plan maken."

Het wordt heel moeilijk om afgelopen seizoen te overtreffen, maar dat gaan we wel proberen.

Robert Mühren

Mei Mühren en Sonny Stevens yn de seleksje binne alle belangrike spilers fan it suksesfolle ôfrûne seizoen fêstlein. Dan binne de ferwachtingen direkt heech, want hiel Cambuur wol revânsj nimme: "We weten allemaal dat we vorig jaar iets neergezet hebben, iets wat heel moeilijk wordt om te overtreffen. Maar dat gaan we wel proberen."

De komst fan Stevens waard tongersdeitemiddei wrâldkundich en freed stie de doelman, krekt as Mühren, wer op it fjild. "Heerlijk om weer op het veld te staan. Daar was ik ook wel weer aan toe."

Dat fertelt Sonny Stevens yn it folgjende ynterview:

Stevens keepte it foarige jier ek yn Ljouwert, mar hie in ôfrinnend kontrakt. Nettsjinsteande oare ynteresse bliuwt er dochs by Cambuur. "Er waren andere opties en die heb ik afgewogen tegenover Cambuur. In samenspraak met mijn gezin kwam ik tot de conclusie dat het wel fijn is om hier te blijven. De laatste jaren heb ik, na m'n tijd bij FC Twente, overal een jaar gezeten, dus het gaf wel een stuk rust om hier weer te tekenen. We hebben hier nog wat af te maken, dat gaf wel de doorslag."

It foarige seizoen wie Stevens de minst passearre keeper fan de earste difyzje. Dat is ek syn doel foar it nije jier. "Dat zou mooi zijn ja!"

Booy: "Fantastische week"

Technysk manager Foeke Booy is ferantwurdlik foar it binnenheljen fan Mühren, Stevens en earder ek al Sven Nieuwpoort. Hy is optein: "Het is een fantastische week geworden. Het begin van de week zag het er nog niet zo naar uit, maar het begon met Sven Nieuwpoort. De dag erna kwam Sonny Stevens binnen en weer een dag later hebben we met Robert Mühren een 'boppeslach' gedaan!"

Technysk manager Foeke Booy oer de hektyske transferwike:

Der stiet noch ien spiler op it winskelistje fan Booy, in spiler dy't as back en ferdigenjende middenfjilder út de fuotten kin. "We zijn nog niet klaar. We zijn met een speler in gesprek en daar zijn we zo goed als mee rond, maar hij moet ook nog een rondje maken. Ik hoop dat dat lukt. Dan zijn we klaar."

Booy hopet dat der folgjende wike dúdlikheid komt oer it al of net kommen fan de ferdigenjende spiler.

(advertinsje)
(advertinsje)