Sporter fan de Wike: Tornike Tsjakadoea

"Het is een prachtig gevoel. Je staat na drieënhalve maand weer op de mat." Judoka Tornike Tsjakadoea is út 'e skroeven dat hy fan woansdei ôf wer gewoan traine kin. Tennissers, swimmers of keatsers mochten allang wer los, mar kontaktsporten moasten lang wachtsje. Dat is beleanne mei de ferrommingen dy't woansdei yngien binne.
FH REPO Tornike Tsjakadoea
Heal maart stie Tsjakadoea foar it lêst op de matte, dêrnei rekke Nederlân yn 'e ban fan it coronafirus. Mar no mei er einliks wer los. "Als je dan weer op Papendal komt en je komt weer in die sfeer... Iedereen is enthousiast en iedereen heeft zin om te judoën. Dat is geweldig, dat geeft een topgevoel", fertelt de judoka nei de earste trainingen.
Op Papendal traint de nasjonale judoseleksje, mar dat wie de lêste moannen in sletten bolwurk. Tsjakadoea moast doe op oare wizen traine. "Een maat van mij heeft thuis krachtapparaten. Daar ging ik elke dag naartoe om te trainen. Conditionele trainingen deed ik ook in het bos, ook met andere jongens. Zo kwam je de trainingsperiode wel door. Maar je moet alles zelf doen, dat is wel aardig gelukt."
Tornike Tsjakadoea is berne yn Ljouwert, opgroeid yn Drachten en hy fielt him in echte Fries. Syn âlden binne yn de jierren njoggentich út Georgië wei nei Nederlân kaam en wenje no bûten de provinsje.
Tsjakadoea komt út yn de klasse oant en mei 60 kilogram. Hy wûn alris in gouden medalje op in Grand Prix-wedstriid en brûns by in Grand Slam-wedstriid. Sûnt febrewaris is dúdlik dat er nei de Olympyske Spelen giet.
© Omrop Fryslân
Benaud foar besmetting mei it coronafirus is Tsjakadoea net. De judoka's binne foarôf allegear test. "Dat was allemaal positief eigenlijk. Of, negatief eigenlijk. Maar dat is positief voor ons, haha", sa seit de Fries. It begjin wie dizze wike rêstich. "Je moet het judogevoel weer krijgen. Eerst ben je vol aan het rammen, daar is je lichaam ook aan gewend. Als je dan drie maanden lang niet judoot, moet je lichaam weer rustig wennen om blessures te voorkomen."
De perioade fan no oant en mei de simmer fan folgjend jier stiet foar Tsjakadoea yn it ramt fan de Olympyske Spelen. Grut foardiel is dat er him al pleatst hat. "De internationale judofederatie heeft een planning gemaakt om wedstrijden door te kunnen laten gaan. Dat begint in september, maar dat weten ze nog niet zeker omdat het niet in alle landen nog goed is. Ik ga er vanuit dat ik ergens in november, december weer begin met judowedstrijden."