Boargemaster Stoel fan Amelân fynt útbliuwen ferkoarting fargeul spitich

03 jul 2020 - 16:29

Boargeaster Leo Pieter Stoel is teloarsteld oer de beslissing om de fargeul Holwert-It Amelân net te ferlizzen. Troch it ferpleatsen fan de fargeul Reegeul-Oost soe de reistiid tusken Holwert en It Amelân seis minuten koarter wurde. Rykswettersteat krijt lykwols gjin fergunning fan de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om de fargeul te ferlizzen. It soe te folle ynfloed op de natuer hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Herman Zeilstra

Boargemaster Leo Pieter Stoel fynt it spitich dat it net trochgean kin. "We hadden deze maatregel graag gezien. Deze tweede verlegging van de vaargeul was één van de maatregelen om de bereikbaarheid van Ameland te verbeteren. We kunnen deze verkorting niet realiseren omdat het in strijd is met natuurwaarden. Dat is jammer."

Seis minuten tiidwinst

It giet mar om seis minuten, soene je sizze. Mar neffens de boargemaster hat it wol in soad ynfloed. "Het gaat om een paar minuten in een heel strak tijdschema. De veerboot moet in een uur laden, lossen en overvaren. In dat schema kunnen een paar minuten van cruciaal belang zijn. Ook bij verschillende weer-condities. U kunt zich voorstellen dat bij oostenwind en laagwater, dan is er weinig water in de Waddenzee en als het schip vertraging oploopt, dan zijn die paar minuten erg belangrijk."

Ferlies fan sânbanken

In eventuele ferlizzing soe tefolle ferlies fan sânbanken opsmite. Neffens Rykswettersteat binne de sânbanken wichtich fanwege it grutte ferskaat oan diersoarten. It is in wichtige pylder foar de itensfoarsjenning fan it Waad. Neffens Rykswettersteat soe it ferlies ek net op in oar plak te kompensearjen wêze. Fierder bliuwt it ûnwis hoefolle ûnderhâld der yn de takomst nedich wêze soe oan de fargeul.

Stoel snapt ek wol dat der in ôfwaging makke wurde moat. "We werken natuurlijk in een werelderfgoed. Dat is het mooie van de Wadden, maar het legt ook beperkingen op. We hebben met natuurregels te maken, dus niet alles wat we zouden willen kan. Voor de inwoners en bezoekers van Ameland is dit belangrijk om de betrouwbaarheid van de veerdienst te verbeteren. Op de Wadden is het altijd een balans tussen natuur en de leefbaarheid op het eiland. We hebben allemaal belang bij de natuur: het zorgt dat de Wadden zo mooi zijn. Soms zou je ook een kleine aanpassing willen doen aan de natuur. Dit kan nu niet, dat is jammer."

"Wy bliuwe op syk"

It ferlizzen wie in part fan in tal maatregels foar de koarte termyn. "Er wordt door Rijkswaterstaat en het ministerie ook gewerkt aan de bereikbaarheid voor de lange termijn. Er liggen nog twee opties: het optimaliseren of misschien wel het verleggen van de huidige vaargeul. Dat zijn veel grotere projecten nog. Dit kan niet, maar de natuur zelf verlegt ook wel eens een vaargeul. Daar zouden we op in kunnen springen om de verbinding te verbeteren. Maar goed, we blijven op zoek."

Boargemaster Leo Pieter Stoel

Trefwurden: 
fargeul Amelân Reegeul-oost
(Advertinsje)
(Advertinsje)